Premio Amigo
De Premios Amigo ("Freoneprizen") wiene in groep Spaanske prizen dy't útrikt waarden oan 'e bêste wurken op it mêd fan 'e Spaanske en ynternasjonale muzyk fan it foargeande jier. De organisaasje en tawizing fan 'e prizen wie yn 'e hannen fan Promusicae, oftewol de Productores de Música de España ("Muzykprodusinten fan Spanje").
Premio Amigo | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Spaansk | |
útrikt foar | muzyk | |
útrikt troch | Promusicae | |
frekwinsje | 1x jiers | |
1e útrikking | 1997 | |
opheft | 2007 | |
offisjele webside | ||
www.promusicae.es |
Fan 1997 oant 2003 waarden de Premios Amigo elts jier útrikt, mar fan 2004 oant 2006 gie de útrikking net troch fanwegen de krisis yn 'e Spaanske muzykyndustry. Yn 2007 fûn de lêste útrikking plak. Winners foar de ynternasjonale prizen wiene bgl. U2, The Corrs, de Spice Girls, Shakira, Celine Dion, Britney Spears, Tom Jones, Jennifer Lopez, Bruce Springsteen, Gloria Estefan, Robbie Williams, Christina Aguilera, Kylie Minogue en Beyoncé Knowles. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Spaanske Wikipedy.
Keppelings om utens
bewurkje seksje● (sp) Offisjele webside fan 'e Premios Amigo
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Enlaces externos, op dizze side.
|