Prins Edwardeilannen

De Prins Edwardeilannen binne twa lytse eilannen yn de Yndyske Oseaan tusken de kontininten Afrika en Antarktika. De eilântsjes hearre ta Súd-Afrika; se hjitte Prins Edward eilân en Marion eilân. Marion eilân is de grutste fan de twa en hat it heechste punt, de berch State President Swart Peak (1230 m). Beide eilannen binne fulkanysk; Marion eilân is de top fan in grutte skyldfulkaan. Dy fulkaan is noch hieltyd aktyf. De eilantsjes lizze sa'n 1770 kilometer fan de Súdafrikaanske havenstêd Port Elizabeth ôf en hawwe tegearre in oerflak fan 335 km².

Prins Edward-eilannen
Prins Edward-eilannen
Kaart fan de Prins Edwardeilannen

De eilannen binne ûntdutsen op 4 maart 1663 troch de Nederlanner Barend Barendssoan Lam dy't op it skip de Maerseveen ûnderweis nei Batavia (Nederlânsk-Ynje) wie. It noardlike eilân (Prins Edward eilân) neamde er Dina en it súdlike (Marion eiland) joech er de namme fan syn skip. De eilannen wiene neitiid net mear te finen omdat Lam de posysje ferkeard opskreau. Jannewaris 1772 wie it de Frânsman Marc-Joseph Marion du Fresne dy't se wer seach doe't er ûnderweis wie nei Antarktika.

James Cook besocht de eilannen ek, mar hy koe dêr net lânje troch it minne waar. De earsten dy't der lânen wiene seeliuwejagers yn 1803. Yn 1908 waarden de Prins Edwardeilannen yn besit nommen troch it Feriene Keninkryk, dat se ein 1947, begjin 1948 oerdroech oan Súd-Afrika. De Súdafrikanen setten dêr in meteorologysk stasjon. Dat gebou waard al rillegau útwreide en tsjinnet ek as basis foar biologyske stúdzje op it eilân.

Floara en fauna

bewurkje seksje

De eilannen binne ûnderdiel fan de toendra-ekoregio yn de Súdlike Yndyske Oseaan dy't ferskate Sub-Antarktyske eilannen omfettet. Yn it kâlde klimaat is it plantelibben beheind ta gerzen, moassen en koarstmoassen, wylst de grutste kloft lânseigen bisten fral ynsekten binne. Dêrneist bestiet de fauna út ferskillende fûgelsoarten, sa as 30.000 albatrossen, in miljoen pinguins en in soad meeuwen en stoarmfûgels. [1]

De natoer fan de eilannen is fral kwetsber at frjemde soarten ynbrocht wurde, benammen katten hawwe in protte swierrichheden jûn. Yn 1949 waarden fiif hûskatten nei Marion Eilân helle om sa it mûzeprobleem fan it waarstasjon te bestriden. It duorre mar efkes foar't it optilde fan de katten. Yn 1977 wienen der 3.400 katten op it eilân dy't op de fûgels jagen ynstee fan op mûzen. Guon fûgelsoarten waarden doe mei útstjerren bedrige. Guon stoarmfûgelsoarten binne yndie útstoarn op it eilân, dat men hat doe besocht de katten út te rûgjen: in stikmannich katten waarden ynfektearre mei it katspesifike feline panleukopeny-firus, dat it tal katten werom brocht op sa'n 600 yn 1982.[2] De oerbliuwende katten waarden ôfsketten en yn 1991 waarden der noch mar acht fongen yn ien jier. Men is fan betinken dat der no gjints mear binne op Marion-eilân..

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]
  2. [2]Dynamics of a feline virus with two transmission modes within exponentially growing host populations, K Berthier, M Langlais, P Auger, D Pontier; Utjouwer: BioInfoBank Library, date:2000-10-22