De Prinsesse op 'e Earte

(Trochferwiisd fan Prinsessen på Ærten)

De Prinsesse op 'e Earte, yn it oarspronklike Deensk: Prinsessen på Ærten (Nederlânsk: De Prinses op de Erwt; Ingelsk: The Princess and the Pea), is in mearke fan 'e hân fan de njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1835, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Første Hefte ('Mearkes, Ferteld foar Bern: Earste Boek'), yn 'e mande mei trije oare mearkes (De Tonderdoaze, Grutte Klaas en Lytse Klaas en 'De Blommen fan Lytse Ida'). 'De Prinsesse op 'e Earte' is ien fan Andersen syn bekendste mearkes, dat de skriuwer basearre op in Skandinavysk folksferhaal dat himsels as bern ferteld wie. It waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel 'Andersen's Folksforhalen en Mearkes'.

De Prinsesse op 'e Earte
algemiene gegevens
oarspr. titel Prinsessen på Ærten
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1835, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Eventyr, Fortalte for Børn:
   Første Hefte
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Prinsesse op 'e Earte
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga
In yllustraasje by it mearke.

'De Prinsesse op 'e Earte' is in koart mearke, dat ferhellet fan in prins dy't sa stomme graach mei in echte prinsesse trouwe wolle soe. Hy hat de wrâld yn 't rûn reizge om sa'nent te finen, en prinsessen wiene der by 't folop, mar it moast wol in echten wêze, en mei elts fan 'e prinsessen dy't er mette, wie wol wàt, dat op 't lêst kearde er sûnder wat bedijd te hawwen wer werom nei hûs. Dan skillet der op in stoarmjûn in dweiltrochwiet frommeske oan. Hja hâldt út in echte prinsesse te wêzen, mar de prins syn mem, de keninginne, wit wol wat om te sjen oft it fanke de wierheid sprekt.

Hielendal op 'e ûnderlegers fan in bêd leit se ien inkele earte, en dan leit se dêr tweintich matrassen oerhinne en dêroerhinne nochris tweintich fearrene bêden. It fanke dat prinsesse wêze wol, wurdt dêrnei dat bêd oanbean om op te sliepen. De oare moarns wurdt har frege oft se noflik sliept hat, mar se klaget dat se suver gjin wink yn 'e eagen hân hat en dat se op wat hurds lein hat dat se der grien en blau fan is. De prins is dan as in bern sa bliid: hy hat einlings en te'n lêsten in echte prinsesse fûn, want inkeld in wiere prinsesse is sa tear fan fel dat hja troch tweintich matrassen en tweintich fearrene bêden hinne noch ien inkele earte fernimme kin, ja, sterker noch, der pine fan lije kin. Dat de prins nimt de prinsesse ta frou, en de earte, dy komt yn it keunstmuseum.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.