Prokatedraal fan de Unbesmodzge Untfinzenis fan de Hillige Faam Marije (Dublin)
De Prokatedraal fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis fan 'e Hillige Jongfaam Marije (Ingelsk: Pro-Cathedral of the Immaculate Conception of the Blessed Virgin Mary) fan it roomsk-katolike aartsbisdom Dublin yn de Ierske haadstêd Dublin. In prokatedraal is in tsjerke dy't tydlik as katedraal tsjinst docht.
Prokatedraal fan Marije
St Mary's Pro-Cathedral | ||
Lokaasje | ||
lân | Ierlân | |
plak | Dublin | |
adres | 58 Marlborough St. | |
koördinaten | 53° 21' N 6° 15' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Dublin | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | George Papworth | |
boujier | 1814-1825 | |
boustyl | neoklassisisme | |
Webside | ||
www.procathedral.ie | ||
Kaart | ||
Yn 'e folksmûle wurdt dizze tsjerke de Marijekatedraal (St. Mary's Cathedral) neamd.
Prokatedraal
bewurkje seksjeDe stêd Dublin hat noch twa katedralen, mar dat binne katedralen fan 'e protestanske Tsjerke fan Ierlân (Church of Ireland) Dat wie oant 1871 de tsjerke fan de Ierske boppelaach. Sûnt de reformaasje, doe't kening Hindrik VIII mei de Tsjerke fan Rome briek, hie de roomske mearderheid fan Ierlân gjin eigen katedraal yn 'e haadstêd. Al it tsjerkebesit waard nei de ynfiering fan 'e reformaasje oan de nije protestantske steatstsjerke oerdroegen en dêrmei ek de roomske Kristuskatedraal en Patrickkatedraal.
Ek al is de Kristuskatedraal al fiif iuwen lang in Anglikaanske Tsjerke, de Roomsk-Katolike Tsjerke bliuwt it bouwurk as har offisjele katedraal fan Dublin beskôgjen om't de paus dat op fersyk fan 'e doetiidske aartsbiskop Laurence O'Toole sa ornearre hie. Salang't der gjin werberied troch de paus plakfynt oer de posysje fan 'e Kristuskatedraal, bliuwt de roomsk-katolike Marijetsjerke in prokatedraal en wurde de oanspraken op it eardere roomske besit net opjûn.
De ûnderdrukking fan de katolike tsjerke
bewurkje seksjeDe prokatedraal datearret noch fan 'e tiid doe't de anty-katolike wetten yn Ierlân fan krêft wiene. Oant yn it begjin fan 'e 19e iuw moasten dy wetten it katolisisme oan banne lizze. Katoliken koene nei de reformaasje iuwenlang yn it iepenbier gjin missen fiere of sakraminten krije of rûnen it risiko op earnstige straffen. Yn 'e rin fan 'e tiid waarden dy wetten stadichoan wat minder strang tapast, mar likegoed moasten katolike tsjerken, as se al boud waarden, as skûltsjerken sûnder opfallende kenmerken en op wat ôfsiden lokaasjes boud wurde. Oan it begjin fan 'e 19e iuw waarden de measte wetten net mear hanthavene en it katolisisme krûpte stadichoan út de posysje fan ûndergrûnske tsjerke.
Nijbou
bewurkje seksjeYn 1803 kocht aartsbiskop John Thomas Troy in hûs oan op 'e hoeke fan 'e Marlborough Street en Elephant Lane (dy't no de namme Cathedral Street hat) op in goede sichtlokaasje. Dêr moast, as it jild beskikber kaam en de wet it tastsie, de nije katolike prokatedraal komme. De arsjitekt fan 'e nije tsjerke waard George Papworth, dy't in eklektysk ûntwerp makke mei sterke neoklassisistyske ynfloeden foar it ekterieur en Romeinske ynfloeden foar it ynterieur. Yn juny 1814 waard it hûs ôfbrutsen en dêrnei folge de bou fan de nije katedraal. De nije aartsbiskop fan Dublin, Daniel Murray, fierde de foltôging fan 'e prokatedraal op 14 novimber 1825.
Alhoewol't de nijbou gjin folweardige katedraal wie, waard de nije tsjerke in symboal foar it Ierske nasjonalisme yn 'e tiid nei't der in ein kaam oan 'e diskriminearjende wetten. De nijbou wie net oars as in tydlike katedraal en sadree't it nedige jild byinoar wie, soe der noch in echte katedraal boud wurde. Dêrfoar kamen meardere lokaasjes op it aljemint, mar it kaam der net fan. Ek is ferskate kearen útsteld dat de Tsjerke fan Ierlân, dy't net in soad leden hat, ien fan 'e twa katedralen oan 'e katoliken oerdrage koe, mar der ha nea serieuze oanstalten fan dy kant west. De dekaan fan 'e Sint-Patrickkatedraal die it útstel om yn 'e Patrickkatedraal ek katolike missen te fieren, mar dat soarge foar opskuor yn 'e Anglikaanske mienskip en waard dêrom wer gau ynlutsen.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe prokatedraal is fan in folslein oare styl dan de twa echte katedralen fan Dublin. De miks fan Grykske en Romeinske stilen is kontroversjeel en guon fine it in artistyk hichtepunt, oaren neame de prokatedraal in stikel yn 'e foet. It middenskip liedt nei it alter mei dêr efter in brânskildere raam fan 'e hillige Jongfaam Marije. Yn 'e lette jierren 1970 waard it Fiktoariaanske alter en retabel fan Peter Turnerelli ferwidere om it alter oan 'e easken fan it Twadde Fatikaanske Konsylje oan te passen. Allinnich it tabernakel bleau en in part fan it Fiktoariaanske alter waard wer brûkt foar it folksalter. Ek de kommunybank waard ferwidere en de preekstoel krige earne yn de hoeke fan de tsjerke in plak. Foar de dekoraasje fan it ynterieur fan 'e tsjerke waard in grutte groep Italjaanske keunsters yn tsjinst nommen.
De Marijekatedraal waard yn it begjin fan de jierren 1990 troffen troch in brân. It fjoer koe op 'e tiid dwêste wurde, mar der wie gâns reekskea yn it diel fan 'e tsjerke dêr't it monumint fan kardinaal Cullen stiet.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Marije-alter.
-
Hillich Hert-alter.
-
Oargel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Mary's Pro-Cathedral
|