Protestantske tsjerke fan Steggerda

De Protestantske tsjerke yn Steggerda is ien fan de twa tsjerken fan de protestantske gemeente Lindestreek. De tsjerke is in gemeentlik monumint.

Protestantske tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Weststellingwerf
plak Steggerda
adres Kosterwei
koördinaten 52° 51' N 6° 4' E
Arsjitektuer
arsjitekt B. Rouwkema
boujier 1739
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
Protestanske gemeente Lindestreek
Kaart
Protestantske tsjerke fan Steggerda (Fryslân)
Protestantske tsjerke fan Steggerda
 
Gevelstien

De skiednis fan de gemeente giet werom op it jier 1727, doe't de doarpen Steggerda en Finkegea in selsstannige tsjerklike gemeente foarmen. Der wie doe al op itselde plak in tsjerke oanwêzich, dy't yn 1708 op 'e nij boud wie. Yn 1739 fûn der in grutte restauraasje plak, dy't troch de izeren sifers fan dat jier oan in muorreanker oan de súdlike muorre betocht wurdt.

De tsjerke is yn 1903 ferboud neffens it plan fan G. Rouwkema. Yn de flier fan de tsjerke leit in grêfsark út 1642. Net bekend is fan wa't de sark is.[1]

Yn 2011 waarden yn Steggerda de protestantske gemeenten fan Noardwâlde en Steggerda-Finkegea-De Hoeve gearfoege ta de protestantske gemeente Lindestreek. De tsjerke fan De Hoeve waard opjûn en it tsjerkhôf fan Finkegea oerdroegen oan de Stifting Behâld Finkegea (de tsjerke wie al dessenia earder sletten). It begraafplak fan Noardwâlde is doe ûnderbrocht by in aparte stifting.

It oargel fan de tsjerke waard yn 1977 boud troch de firma Flentrop út Saandam.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: