Psychologyske roman

In psychologyske roman, ek wol psychologysk realisme neamd, is in literêr sjenre dër’t mear as gewoanwei de klam yn lein wurdt op it inerlik fan de karakters, motiven, omstannichheden en inerlike hannelings en tinzen dy’t ûntsteane.

Eline Vere fan Louis Couperus, P.N. van Kampen & Zoon (1898)

De roman ferhellet net allinnich oer de ferskate barrens, mar giet djipper op it hoe en het yn dêr’t dy barrens troch ta stân komme. Yn de wize fan skriuwen binne de personaazjes, karakterfoarming en de gedachtegong fan de personaazje wichtiger as by in gewoane roman. In psychologyske roman kin ek in roman fan it inerlik neamd wurde.

It literêre sjenre ûnderskied him fan it realisme troch in oarsoartich taalgebrûk, wêrby’t it inerlik, de psyche, sa realistysk mooglik delset wurdt. De karaktersketsen en de driuwfearen fan de personaazjes foarmje it ûnderwerp, de aksje dy’t dêr út folget, is fan minder belang.

Oan de basis fan de streaming stie de Russyske toanielskriuwer Anton Tsjechov. De earste realisten yn de Nederlânske letterkunde ferskynden mids 19e iuw, lykas Nicolaas Beets en Conrad Busken Huet. De streaming presintearre him yn Nederlân mei sierliker taalgebrûk as wat jo by Flaamske skriuwers oantroffen. It hichtepunt fan de streaming lei om 1900 hinne. Frij gau ûntjoech it Nederlânsk realisme him lykwols ta it naturalisme.

Wichtige lettere fertsjintwurdigers wiene Ina Boudier-Bakker en Louis Couperus, waans Eline Vere en benammen Psyche faak as typyske foarbylden neamd wurde. Yn de twadde helte fan de 20e iuw waard de streaming nij libben ynblaasd troch de boeken fan Hubert Lampo. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ned.univie.ac.at: Literatuur in context - Realisme