Conrad Busken Huet
Conrad Busken Huet (Den Haach, 28 desimber 1826 - Parys, 1 maaie 1886) wie in Nederlânsk skriuwer en literatuerkritikus dy't in wichtige rol spile hat yn de 19e-iuwske Nederlânske letteren.
Predikant
bewurkje seksjeConrad Busken Huet kaam út in hugenoatefamylje. Hy gong earst nei in Frânske skoalle en studearre fan 1844 ôf teology yn Leien. Doe folge noch in jier fan stúdzje yn Lausanne, Switserlân en dêrnei waard er Waalsk predikant yn de Église Wallonne te Haarlim (desimber 1850 oant begjin 1862). Hy stifte doe it moanneblêd La Seule Chose Nécessaire (1856-1857).
Troch de ynfloed fan sy eardere heechlearaar J. H. Scholten, wie er dwaande mei de "moderne teology", dy't de kleau tusken de Bibel en de moderne wittenskip troch tekstkritysk ûndersyk besocht te tichtsjen. Hy preke dêr ek oer. Dit laat ta fernúvering, ûnbegryp en argewaasje yn syn gemeente. Yn 1857 publisearre er syn "Brieven over den bijbel". Dêrtroch brocht as earste predikant yn Nederlân it modernistyske tinken breed yn omtinken. Lang om let moast Busken Huet tajaan dat de Bibel feitlik oerstallich wurden wie en de humanistyske etyk it gat ek wol folle koe.
Hy troude yn 1859 mei de skoaljuffer Anna Dorothée van der Tholl.
Sjoernalist
bewurkje seksjeYn oerstimming mei syn tinken naam er ûntslach as predikant en waard sjoernalist by de Oprechte Haarlemsche Courant. E.J. Potgieter frege him as leterêr kritikus foar syn tydskrift De Gids. Syn opdracht as redakteur wie om ien krityk yn de moanne te leverjen. Hy bleau oant 1866 oan 'De Gids' ferbûn.
Huet seach literatuer as in útering fan beskaving; oan de kwaliteit dêrfan koe neffens him it nivo fan beskaving fan de maatskippij ôflêzen wurde. Huet fergelike it wurk fan Nederlânske skriuwers mei dy út it bûtenlân en hie faak mear wurdearring foar dy út Dútslân, Frankryk en Grut-Brittanje. Syn kritiken wienen flymskerp en faak fan húnjende toan en guonts as Willem Bilderdijk en Jacob Cats krigen de folle laach. Hy krige de bynamme "de beul fan Haarlim". Dizze perioade fan 1863 oant 1864 foarmet sadwaande in hichtepunt yn de Nederlânske literêre krityk.
Sun fûle kritiken soargen lykwols ek foar konflikten en hat ûnder oaren laat ta syn ôfskied fan De Gids yn 1866. Yn it artikel "Een avond aan het Hof" (1865), in krityk op dichterlike almanakken, hie er de keninginne oan it wurd litten, dat kaam it tydskrift op in beskrobbing fan it hof te stean. It artikel "De Tweede Kamer en de staatsbegrooting voor 1865" wie rjochte tsjin de liberale steatsman Thorbecke en joech de brekkerij yn de redaksje fan "de Gids". Huet en Potgieter stapten doe beide út de redaksje.
Busken Huet hat dêrnei noch foar ferskate blêden skreaun en wurke wilens oan in roman, Lidewyde, dat lykwols gjin súkses waard, mei troch de realistyske beskriuwing fan erotyk.
Yndyske jierren
bewurkje seksjeAl dy krityk op syn persoan waard him tefolle. Huet ferfarde yn 1868 nei Nederlânsk-Ynje, dêr't er haadredakreur waard fan de Java-bode, oant begjin 1873.
Al rillegau rekke er ferwikkele yn in skandaal, de "Hasselman-affêre". It die bliken dat Huets reis nei Ynje betelle wie troch de Minister fan Koloanjen Hasselman. As tsjinprestaasje soe Huet it Nederlânsk regear rie jaan oer hoe't sy de Ynjyske parse it bêste teamje koene. Doe't dat út kaam waard it in grut skandaal.
Yn april 1873 gie Huet by de Java-bode wei en rjochte in eigen krante op, het Algemeen Dagblad van Nederlandsch-Indië. Syn kritiken waarden doe mylder en krigen in mear foarljochtsjend en evaluearjend karakter. Huet is acht jier yn Ynje bleaun.
Yn Parys
bewurkje seksjeHuet kaam yn 1876 werom yn Jeropa en festige him frijwillich yn Parys. Syn neef J. l'Ange Huet naam it redakteurskip fan syn krante oer, mar Huet hâlde wol in finger yn de brij en bleau ek krityske bydragen leverjen. Dat wie de oarsaak fan de finzenisstraf dy't l'Ange Huet, as ferantwurdlik redakteur oplein krige.
Huet skreau ek wichtich wurk oer kultuerskiednis: "Van Napels naar Amsterdam" (1877), "Parijs en omstreken" (1878), mar fral de boeken "Het Land van Rubens" (1879) en dêrnei "Het Land van Rembrand" (Huet stavere de namme mei in -d)) (1882-1884) wiene fan belang. Troch dat monumintale wurk hie men it tenei oer de 17e iuw as de Gouden Iuw yn de Nederlânske keunst, en waard Rembrandt as har grutste skilder beskôge. Hy hat der fjouwer jier hast dei en nacht oan wurke en dat hat syn sûnens gjin goed dien.
Conrad Busken Huet stoar te Parys yn 1886. Hy waard betocht yn de De Nieuwe Gids as dejinge yn waans wurk in hiel tiidrek wjerspegele lei.
Ta beslút
bewurkje seksjeBusken Huet hat by sin libben nea wurdearring fûn foar syn pionierswurk en syn grutte literêre en kulturele ynbring. Boppedat wie er tagelyk radikaal en aristokratysk. Nea hat er offisjele erkenning krige, gjin earedoktoraat, gjin heechlearaarskip. Hy hie tefolle fijannen makke mei syn skerpe kritiken op persoanen út literêre fermiddens. Hy wie hieltyd wer fernuvere oer de opskuor dy't syn skriuwsels joegen, want hy seach se as in middel om de Nederlânske literatuer op in heger nivo te bringen. Dy miskenning hat er nea sette kind.
Wurk (kar út)
bewurkje seksje- "Groen en rijp" (1854)
- "Overdrukjes" (1858)
- Litterarische fantasien en kritieken, 25 dielen, útjûn tusken 1881 en 1888
- Lidewyde (roman, 1868)
- It lân fan Rubens (1879)
- It lân fan Rembrand (2 dln, 1882—1884)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|