Put fan Nederhorst
De Put fan Nederhorst, faak It Gat, is in djip sângat tusken de A7, de Langwarder Wielen en Boarnsweach. It wetter yn polder De Wâldfinnen hat in oerflak fan 41,7 ha.[1]
De Put ûntstie troch sânwinning foar de oanlis fan de A7 en de brêge oer de Langwarder Wielen. De put wie nei de ôfgraving hast 40 meter djip, mar krige nei it lossen fan slib in djipte fan dik tweintich meter. It wetter wurdt brûkt as fisk- en rekreaasjeplasse. De djippe plasse wurdt geregeld brûkt troch dûkers. Under wetter is in parkoers foar dûkers oanlein. Sa kin ûnder wetter in parkoers folge wurde mei in lyts skipswrek, in boukeet, in flitspeal en in tal platfoarms op djipten fan 6, 10 en 20 meter. Dûkers ha yn it tsjustere wetter in sicht tusken de twa en fiif meter.[2]
Oan rekreaasjeplasse leit in strantsje mei boarterstastellen en in gemeentlik húskegebou.[3] Oant 2017 stie der in kiosk.[4] Yn it wetter sit snoek, snoekbears, iel, bears, foarn en kreeft. Yn it wetter groeit ûnder oare it seldsume lytse glânswier (Netilla Hyalina).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|