Pyteäs

(Trochferwiisd fan Pytheas)

Pyteäs of Pyteäs fan Massalia (Πυθέας ο Μασσαλιώτης; sa. 350 f.Kr.285 f.Kr.) wie in Grykske keapman, geograaf en ûntdekkingsreizger út de 4e iuw f.Kr. Hy kaam fan de Grykske koloanje Massalia, it Marseille fan no.

Byld fan Pytéas oan de gevel fan it Beursgebou yn Marseille (Fr.)

Yn deselde tiid dat Aleksander de Grutte yn it Easten oan de grinzen fan de doe yn Europa bekende wrâld tahâlde, ûndersocht Pyteäs it ûnbekende noardwesten fan Europa. Oer syn reizen hat er it wurk Περί του ωκεανού ('Oer de oseaan') skreaun dêr't lykwols neat fan bewarre bleaun is. In pear fragminten út dat wurk binne bekend fan sitaten troch oare skriuwers sa as Strabo, Eratostenes en Plinius de Alde, dy't Pyteäs teminsten diels as leugner beskôgen omdat sy syn reizen foar ûnmooglik hâlden of, sa as Polybios harsels as grutte saakkundige profilearje woenen. Oare oanwizings foar de ynhâld fan it wurk wurde fûn yn it wurk fan de astronoom Hipparchos fan Rhodos.

Oer de rûte dy't Pyteäs folge hat in protte diskusje west. De folgjende rûtebeskriuwing is mar ien fan de frijwat betroubere rekonstruksjes.
Ut Marseille wei gie er fermoedlik oer lân troch de delling fan de Garonne nei Bordeaux (neffens archeolooch Barry Cunliffe). Dêr skippe er, wierskynlik by pleatslike hannelers oan board om sa by de kust del nei it noarden te gean. Sa bedarre er by Bretanje en makke dêrwei de oertocht nei de Britske eilannen. Dêrnei farde er Cornwall by del nei de Ierske See en besocht dêr it eilân Man. Syn reis brocht him fierder de westkust fan Grut-Brittanje by del nei it fierste noarden, dêr't er de Hebriden en de Orkney-eilannen oandie. Dan reizget er fierder mei lânseigen seefarders nei in lân dat hy Thule neamt. Guon histoarisy binne fan betinken dat Yslân, de Sjetlâneilannen of de Faeröer it meast foldogge oan de bskriuwing dy't hy der fan jout, mar oaren fine dat de kusten fan Noarwegen yn oanmerking komme omdat Pyteäs it hat oer bijen, hunning en rike nôtfjilden, eat wat net fûn wurdt op de Noard-Atlantyske eilannen mar wol yn Noarwegen. Pyteäs syn ûntdekkingstocht gie fierder de eastkust fan Brittanje by del werom nei it suden, om dêrnei de kusten fan de Noardsee te besykjen: fan Seelân oant Denemarken en faaks noch fierder nei it easten troch de Eastsee nei de mûning fan de Vistula en de Baltyske kuststreken, sels Finlân. Nei dy lange tocht gie er werom nei de Noardsee en sa de kust fan Frankryk bylâns werom nei Marseille.

Ynfloed op it Grykske wrâldbyld

bewurkje seksje

Wat no krekt it doel fan Pyteäs syn reis west hat witte wy net. Yn alle gefallen bestudearre er de kultuer fan de minsken op de eilannen dy't er besocht en makke er reizen nei it binnenlân.
Ik kin ek wêze dat er op paad gie fanwege de stêd om út te finen wêr't it foar de Massiliotyske ekonomy sa wichtige tin en barnstien wie kaam It soe kinne, mar de ynteresse fan Pyteas wie dúdlik breder as alinne de ekonomy en spitste him ek ta op de lânseigen befolking en op wittenskip. Sa beskreau Pyteas it befriezen fan de see, it noarderljocht, de midsimmernachtzon, it tij yn de Waadsee en berekkene hy mear as ien kear oan de hân fan de stân fan de sinne hoe fier noardlik at er siet.

It belang fan Pyteäs yn de Aldheid wie grut. Lange tiid wie hy yn it mediterrane gebiet de meast wichtige en faaks ek iennichste boarne foar kennis fan it noardwesten fan Europa. Syn berekkeningen oer de maksimale hichte fan de sinne waarden troch hellenisyske wittenskippers yn alderlei berekkeningen brûkt, sa as by it bepalen fan de omtrek fan de ierde.

  • (in) Chanin-Morris, R. (2005): "The Edge of the World", Independent
  • (in) Cunliffe, B. (2002): "The extraordinary voyage of Pytheas the Greek: The man who discovered Britain" (fanijs besjoene útjefte), Walker & Co, ISBN 0-8027-1393-9, yn Penguin, ISBN 0-14-200254-2
  • (in) Roseman, C.H. (1994): "Pytheas of Massilia, On the ocean: Text, translation and commentary", Ares Publishing, ISBN 0-89005-545-9
  • (in) Frye, J. & Frye H. (1985): "North to Thule: An imagined narrative of the famous lost sea voyage of Pytheas of Massalia in the 4th century B.C.", ISBN 0-912697-20-2
  • (in) Chevallier, R. (1984): "The Greco-Roman Conception of the North from Pytheas to Tacitus" (yn Arctic, vol. 37, no. 4, des. 1984, p. 341-346)
  • (in) Stefansson, V. (1940): "Ultima Thule: Further Mysteries of the Arctic"
  • (dú) Maximilian Wilhelm Reinhold, (1842) "Pytheas aus Massilia"