Quanah (Teksas)
Quanah is in stêd (city) yn- en haadplak fan Hardeman County yn Teksas, yn de Feriene Steaten fan Amearika. Yn 2000 hie it plak 3.022 ynwenners en yn 2010 2.642.
Quanah | ||
Hardeman County Courthouse | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Teksas | |
County | Hardeman County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.642 (2010) | |
Oerflak | 9 km² (alles lân) | |
Befolkingsticht. | 298 / km²(2006) | |
Hichte | 479 m | |
Oar | ||
Stifting | 1884 | |
Tiidsône | Central (CST) UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-6 | |
Offisjele webside | ||
City of Quanah |
Quanah leit sa'n 190 km noardwestlik fan Fort Worth en sa'n 10 km besuden de rivier Red River, dy't dêr de grins is tusken Teksas en Oklahoma. Besuden de stêd leit it Copper Breaks State Park.
Quanah ûntstie yn 1884 as stopplak oan de Fort Worth and Denver Railway en is ferneamd nei Quanah Parker, it lêste opperhaad fan de Komantsjen.
-
Kaart fan Quanah út 1890
Bekende ynwenners
bewurkje seksje- Judy Buenoano, searjemoardner, krige de elektryske stoel yn Floarida
- Edward Givens, astronaut.
- Fred C. Koch, stichter fan Koch Industries, soan fan ûndernimmer fan Frysk komôf Hotze Koch
- Bill McDonald, ferneamd Texas Ranger.