Harry Koch (sakeman)

Hotze "Harry" Koch (Warkum, 22 oktober 186721 juny 1942) wie in Amerikaansk sakeman fan Nederlânsk komôf. Hy wie oprjochter fan de krante Quanah Tribune-Chief en wie de heit fan Fred C. Koch (1900–1967), de stichter fan Koch Industries.

Jonkheid en ûnderjocht

bewurkje seksje

Koch wie it twadde bern fan dokter Johan Anthon Koch (1836–1910) en Gatske Hotzes Jorritsma (1837–1876).[1] Koch syn pake fan heitekant wie in reder út Sande yn it Dútske East-Fryslân waans skip breksloech foar de kust by Warkum, dêr't er letter boaske oan in dochter fan de boargemaster. Syn mem stoar by de berte fan har achste bern en syn heit troude op 'en nij mei bankiersdochter Petronella de Swart. Harry Koch syn bern bleaune allegear yn Nederlân. Hy wurke as learling-drukker yn De Haach en Dútslân en emigrearre yn 1888 nei de Feriene Steaten. Yn 't earstoan wenne er yn de Nederlânske enklaves fan Chicago en Grand Rapids, Michigan, en wurke dêr foar Nederlânsktalige kranten.

Wurkpaad en polityk

bewurkje seksje

Om 1890 ferfear er nei east Teksas, mar fanwege it fochtige klimaat gie er fierder nei it westen en sette er him nei wenjen yn Quanah.[2] Quanah hie trije kranten yn dy tiid, de Quanah Eagle, de Quanah Chief en de Quanah Tribune.[3] Hy hie wilens genôch fermogen om de Quanah Tribune te keapjen, brocht dy byinoar mei de Quanah Chief, en sette de krante fuort yn 1897 ûnder de namme Quanah Tribune-Chief.[4] Teffen wie er meioprjochter en oandielhâlder fan de Quanah, Acme and Pacific Railway.[5] Koch brûkte syn krante om reklame foar dat spoar te meitsjen en om syn libertaristyske politike ideeën te fentilearjen. Yn de krisisjierren we er fûl tsjin Franklin D. Roosevelt syn New Deal en skreau er opinystikken tsjin fakbûnen, âldereinhuzen en it regulearjen fan de banken.[2]

Persoanlik libben

bewurkje seksje

In 1898 troude Koch mei Margaret (Mattie) Mixson (Quanah, 1874 - 1941).[6] Sy wie in dochter fan Hester (berne Blessingame) en John Baptist Mixson (1851-1927) fan Quanah, Teksas. Sy krigen twa soannen:[7]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hotze Koch genealogy
  2. 2,0 2,1 Freke Vuijst, Aartsvijanden van Obama, Vrij Nederland, 2 maart 2012
  3. The New Netherland Institute: "DUTCH AMERICAN ENTREPRENEURS CHAPTER 10: "SUCCESSFUL ENTREPRENEURS—THE KOCH BROTHERS", sjoen 20 jannewaris 2013
  4. 4,0 4,1 Texas Press: "1918-19 Harry Koch Quanah Tribune Chief" 17 des. 2008
  5. Yasha Levine Empire Building yn The Texas Observer, 2011-11-07 hjir
  6. Mixson Family Genealogy 20 jan. 2013
  7. The Exiled (reprinted from the Texas Observer): The Birth of the Koch Clan: It All Started In a Little Texas Town Called Quanah troch Yasha Levine, 7 novimber 2011