De Quercy is in fleistypysk koweras en ien fan de rassen dy't yn 1963 opgien binne yn it stamboek foar de Blonde d'Aquitaine.

It is ien fan de trije ûnderrassen dy't yn de Súdwest-Frânske regio Akwitaanje ûntstien binne út kobisten dy't yn de 6e iuw mei stammen út Sintraal-Europa nei dy kontreien kaam binne.

Lykas by oare kowerassen ek it gefal is, is it ras neamd nei de regio dêr't it ûntstien is, hjir is dat Quercy in streek yn Akwitaanje. De Quercyko is yn 1920 ûntstien troch fokkers út de regio mei deselde namme fan it stamboek Garonnaise. De basis fan de Quercy wie de Garonnaise de Coteaux. Om it nije ras dúdlik te ûnderskieden fan de Garonnaise waard it in protte krúst mei it ras Limousin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: