Rôlders
De rôlders (wittenskiplike namme: Coraciidae), ek rôlderfûgels of skarrelders neamd, binne in famylje fan kleurige fûgels yn it skift fan de rôldereftigen (Coraciiformes). De famylje telt 13 soarten ferdield oer 2 skaaien. De measte famyljelidden komme yn Afrika foar, inkelde yn Súd-Aazje. Allinnich de gewoane rôlder komt ek yn Jeropa foar, yn Nederlân allinnich ûnregelmjittich. De rôlders binne trochinoar sa'n 30-35 cm grut, like sa grut as in lytse krie-eftige. De oerienkomst mei de krieën komt ek werom yn de wittenskiplike nammen Coraciiformes, Coraciidae en Coracias (Lat. corax = raven), mar oars as de krie-eftigen falle de rôlders net ûnder de sjongfûgels en binne dy net swart.
Rôlders | ||
Yndyske rôlder (Coracias benghalensis) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | rôldereftigen (Coraciiformes) | |
famylje: | rôlders (Coraciidae) | |
Rafinesque-Schmaltz, 1815 | ||
Famyljeopbou
bewurkje seksje- Famylje: rôlders (Coraciidae)
- Skaai: (Coracias), 9 soarten:
- Soarte: pearse rôlder (Coracias naevius)
- Soarte: Yndyske rôlder (Coracias benghalensis)
- Soarte: Yndosineeske rôlder (Coracias affinis)
- Soarte: Sulawesirôlder (Coracias temminckii)
- Soarte: flaggesturtrôlder (Coracias spatulus)
- Soarte: lilaboarstrôlder (Coracias caudatus)
- Soarte: Sahelrôlder (Coracias abyssinicus)
- Soarte: rôlder (Coracias garrulus)
- Soarte: blaubûkrôlder (Coracias cyanogaster)
- Skaai: (Eurystomus), 4 soarten:
- Soarte: blaukielrôlder (Eurystomus gularis)
- Soarte: gielsnaffelrôlder (Eurystomus glaucurus)
- Soarte: dollarfûgel (Eurystomus orientalis)
- Soarte: azuerrôlder (Eurystomus azureus)
- Skaai: (Coracias), 9 soarten: