Rôze leppelbek
De rôze leppelbek (Platalea ajaja) is in fûgel út de famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 troch Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan Systema naturae publisearre. De fûgel briedt yn Súd-Amearika en it suden fan Noard-Amearika. De rôze kleur fan 'e leppelbek komt lykas by de Amerikaanske flamingo fan it pigmint Canthaxantine, dat de fûgel mei it iten ynnimt.
rôze leppelbek | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Platalea ajaja | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel gjin briedfûgel |
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe rôze leppelbek is 80 sm lang en hat in spanwiidte fan 1,2 m. De fûgel weecht tusken de 1,2 en 1,8 kg. Folwoeksen fûgels hawwe in keale, grieneftige kop (yn 'e briedtiid goudgiel) en in wite nekke, rêch en boarst (yn 'e briedtiid mei wat rôze yn 'e midden). De snaffel is griis. Der binne yn it fearrekleed gjin grutte ferskillen tusken mantsjes en wyfkes.
De kleuren kinne fan ljochtrôze oant helder maginta ferskille, itjinge ôfhinklik is fan 'e âldens fan 'e fûgels, fan 'e briedtiid en fan 'e lokaasje. Oars as reagers fleane leppebekken mei in lange, útrekte nekke. Se wikselje werhelle wjukslaggen ôf mei in gliidzjende flecht.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe fûgels komme fan 'e Feriene Steaten oant Argentynje, Brazylje en West-Ynje foar. Foarhinne wie de soarte allinne yn it skaai Ajaja opnommen. De rôze leppelbek wurdt as in monotypyske soarte behannele, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten bekend binne.
Iten
bewurkje seksjeDe fûgels ite skaaldieren, stikjes plantaardich materiaal, wetterynsekten, wringeleazen, kikkerts, salamanders en lytse fisken. Yn Brazylje waard ûntdutsen dat de fûgels ek iten opskarrelje yn swietwetterbiotopen.
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe rôze leppelbek bout it nêst yn strewellen en beammen, faak mangroves. Der wurde twa oant fiif wyteftige aaien mei in brune ôftekening lein. Unfolwoeksen fûgels hawwe wite kopkes en it rôze is bleker. Bedrigingen foar de nêstfûgels binne gieren, Amearikaanske see-earnen, lytse bearkes en reade fjoermychhimmels.
Status
bewurkje seksjeFanwegen de fearren waard der yn 'e 18e en 19e iuw in soad op 'e rôze leppelbek jage. Dat brocht de fûgel ta de râne fan útstjerren. Nei in soad wurk oan it behâld fan 'e fûgel hat de rôze leppelbek syn ferspriedingsgebiet yn 'e 21e iuw foars útwreide en wist de fûgel ek wer foar it earst te brieden yn ferskillende Noard-Amearikaanske steaten, dêr't er útstoarn wie. Yntusken wurdt de fûgel net mear as bedrige beskôge. De wrâldpopulaasje fan 'e fûgel wurdt op 100.000 oant 250.000 folwoeksen fûgels rûsd.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|