Riga

(Trochferwiisd fan Rīga)
Riga
Lân Letlân
Gebiet: Lyflân
Ynwennertal 701.977 (2.300/km², 2014)
Ynwennertal stêdekloft: 1,018,295 ynw. (101,4/km² 2014)
Oerflak: 307,17 km²
Tiidsône: UTC+2 (+3)
Boargemaster: Nils Ušakovs
Webside: www.riga.lv


Riga (Letsk: Rīga) is de haadstêd fan Letlân en is de grutste stêd fan de Baltyske Steaten. Der wenje sa likernôch 700.000 minsken.

Riga

De stêd leit oan de rivier de Dvina oan de Eastsee (Golf fan Riga), 7m boppe seenivo.

Riga is yn de lette 12e iuw ûntstien as hannelsstêd mei in grutte Dútske ynfloed. Yn de lette 17e iuw kaam Riga by Sweden, mar yn 1710 kaam Peter de Grutte fan Ruslân en ferovere Riga. Yn de Earste en Twadde Wrâldkriich hawwe de Dútsers Riga beset. Nei de Twadde Wrâldkriich wie Riga oant 1991 in stêd yn de Sowjetuny. Dêrnei waard Letlân ûnôfhinklik en Riga waard de haadstêd.

De measte lju binne Letsk (45,7%) en 38,3% (2014) is Russysk. Fierders binne der minderheden fan Wyt-Russen, Poalen en Oekraïners.

Histoarysk ynwennertal

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Riga – foto, fideo en harktriemmen