Rambo (efternamme)
Rambo is in efternamme fan Noarske en Sweedske oarsprong. Yn Noarwegen komt er benammen foar yn 'e regio Vestfold. De wierskynlike etymology is ramn ("raven") + bo ("nêst") = "ravensnêst". Der besteane soartgelikense efternammen yn it Frânsk (Rambeau en it dêrmei besibbe Rimbaud) en yn it Dútsk (Rambow). It is ûndúdlik oft dat ferbasterings binne fan 'e Noarsk-Sweedske efternamme of dat dy in oare etymology hawwe.
De namme Rambo is tsjintwurdich it bekendst troch de Rambo-franchise, oer de traumatisearre kommando út it Amerikaanske Leger en feteraan út 'e Fjetnamoarloch John Rambo. De geastlike heit fan dat personaazje, skriuwer David Morrell, ûntliende dy namme oan 'e Rambo, in fariëteit apel, dy't ferneamd wie nei de teler, de kolonist fan Sweedsk komôf Peter Gunnarsson Rambo (1612-1698). Yn dat gefal wie de namme nei alle gedachten in ferkoarte foarm fan Ramberget, in heuvel op it eilân Hisingen by de stêd Goateboarch, dêr't Peter Gunnarsson Rambo berne wie. (It efterheaksel -bo betsjut yn dat ferbân "bewenner fan").
Yn it ferlingde fan 'e haadpersoan fan 'e Rambo-franchise wurdt 'Rambo' tsjintwurdich yn 'e Westerske popkultuer ek wol brûkt as oantsjutting foar in domdryst persoan dy't wat al te entûsjast is foar it brûken fan geweld om problemen mei op te lossen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |