In fûgelnêst is in bousel dat fûgels meitsje om har aaien yn te lizzen, sadat se dy bebriede kinne. It meitsjen fan in nêst hjit nesteljen, nesseljen of neskjen. It materiaal foar de oanlis fan sa'n nêst wurdt út it direkte om-en-by sammele, en bestiet ornaris út gers, twiichjes en oar plantaardich materiaal, mar soms ek út oare dingen, lykas stientsjes of plestik of oarsoartich ôffal dat troch de minske weismiten is.

De bûtenkant fan in lysternêst.
De binnenkant fan in lysternêst.

It plak dêr't it nêst boud wurdt, hinget fan 'e fûgelsoarte ôf; guon meitsje har nêst op 'e grûn, faak mank wat hege begroeiïng, wylst oaren it op hege(re) plakken boppe de grûn oanlizze, yn beammen, op rotsrichels of yn of op gebouwen. Ek komt it foar dat nêsten makke wurde yn natuerlike of spesjaal útboarre holten yn beammen (bgl. troch spjochten). Guon wetterfûgels meitsje harren nêst op in driuwpôle, in grut stik losslein gers en oare fegetaasje dat frij omdriuwt. Inkele nêsttypes binen:

Hoelang't in fûgelnêst yn gebrûk bliuwt, hinget ek wer fan 'e soarte ôf, mei't de briedtiid foar ferskillende fûgelsoarten fan ferskillende lingte is. Nei't de aaien útkommen binne, bliuwe de piken by guon soarten noch lange tiid yn it nêst, dêr't se troch de âlderfûgels fersoarge wurde (de saneamde nêstbliuwers), wylst de piken fan oare soarten hast daliks nei't se út it aai kommen binne it nêst ferlitte om ûnder begelieding fan 'e âlderfûgels sels har kostje byinoar te skarreljen (de saneamde nêstflechters). Guon fûgelsoarten briede ferskate kearen yn 't jier en brûke dêrfoar itselde nêst, wylst oaren it folgjende jiers it âlde nêst wer opsykje en wat opknappe om it op 'e nij te brûken.

Beskate oare bisten, lykas iikhoarntsjes, krokkedillen en de keningskobra, bouwe krekt as fûgels in nêst om aaien yn te lizzen of om 'e jongen yn grut te bringen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.