Spjochten

(Trochferwiisd fan Spjocht)

De spjochten (Picidae) binne in famylje yn it skift fan de spjochteftigen (Piciformes). It binne lytse oant middelgrutte fûgels mei skerpe snaffels. Se libje it meast yn beammen en brûke harren snaffel en lange tonge om ynsekten út de skoars te poarkjen. Derby brûke se harren sturt foar stipe. Se libje yn pearkes en hakje foar harren nêst in hoale út yn in beamstam. Der binne sa'n 240 soarten.

spjochten
Eksterspjocht (Dendrocoptes medius')
Eksterspjocht (Dendrocoptes medius')
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: spjochteftigen (Piciformes)
ûnderskift: echte spjochteftigen (Pici)
tuskenskift: spjochtfûgels (Picides)
famylje: spjochten (Picidae)
Leach, 1820