Readbrune bânspjocht
De readbrune bânspjocht (Chrysophlegma miniaceum; synonym: Picus miniaceus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae).
readbrune bânspjocht | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Picus mineaceus | ||||||||||||
Pennant, 1769 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeReadbrune bânspjochten binne lytse spjochten fan likernôch 23 oant 26 sm lang en se wege 79 oant 102 g. Se binne dus wat grutter en swierder as ús grutte eksterspjocht.
De boppedielen fan 'e spjocht binne foar it measte read- of kastanjebrún. De rêch hat in matte oliifgriene kleur mei brúngiel en de stút is giel. De stugge lange sturt is sûkeladebrún. De kop is foar it measte ek readbrún. De spjocht hat in rûchhierige toefe yn 'e nekke mei wat giel oan 'e ein fan 'e toefe. It kin en de kiel binne readbrún, de bandearre boarst is readeftich mei oliifgrien en de búk is wyteftich mei brúnswarte bannen.
Wat kleur oanbelanget is der net in soad ferskil tusken mantsjes en wyfkes. Wyfkes binne wat lytser as mantsjes en se hawwe in relatyf langere sturt. Fierder is it gesicht en de kiel fan it mantsje reader, wylst it gesicht en de kiel fan it wyfke wat mear nei brún skaaid en de kiel in soad lytse wite flekjes hat. Beide fûgels hawwe in donkere snaffel, in kastanjebrún each, in blaueftige eachring en grieneftige poatsjes.
Leefgebiet
bewurkje seksjeDe soarte komt op Malakka, Sumatra, Borneo en Java foar. Readbrune bânspjochten libje yn it tropysk reinwâld, mar ek yn sekundêr bosk, boskrânen, mear iepen bosk, mangroves, plantaazjes en parken. De soarte libbet yn it leechlân oant yn middelberchtmes.
Yn guon dielen fan 'e fersprieding is de readbrune bânspjocht algemien, yn oare dielen komt er net in soad foar.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne fjouwer ûndersoarten:
- Chrysophlegma miniaceum perlutum (Kloss, 1918) – it suden fan Myanmar en súdwestlik Tailân.
- Chrysophlegma miniaceum malaccense (Latham, 1790) – Maleizje, Sumatra en Borneo.
- Chrysophlegma miniaceum niasense (Buttikofer, 1896) – it eilân Nias. by noardwestlik Sumatra.
- Chrysophlegma miniaceum miniaceum (Pennant, 1769) – Java.
Status
bewurkje seksjeOer de grutte fan 'e populaasje is neat bekend, mar dy liket stabyl te wêzen. De spjocht wurdt neffens it IUCN net bedrige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Banded woodpecker (ferzje 5 jannewaris 2023)
|