Spjirresopspjocht

De spjirresopspjocht (Sphyrapicus thyroideus) is in Noard-Amearikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae).

spjirresopspjocht

Mantsje

Wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai sopspjochten (Sphyrapicus)
soarte
Sphyrapicus thyroideus
Cassin, 1852
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast
 
Ofbyld fan 'e Sphyrapicus thyroideus (Louis Agassiz Fuertes) út 'Birds of the Rockies' (1902)

Mei in grutte fan oant 21 oant 25 sm is de spjirresopspjocht in middelgrutte spjocht. De spjocht is dêrmei like grut as de yn Europa libjende Grutte eksterspjocht, mar in stik lichter. Syn gewicht leit tusken 44 en 64 gram. De geslachtsdimorfy fan 'e spjirresopspjocht is wat kleur oanbelanget yn 'e famylje fan 'e spjochten it meast útsprutsen. Eartiids waard fanwegen de grutte ferskillen tusken de geslachten tocht dat wyfkes en mantsjes aparte soarten wiene. Tusken it gewicht en de grutte besteane lykwols gjin opfallende ferskillen. By it wyfke is allinne de lingte fan 'e sturt koarter as by mantsjes.

Folwoeksen mantsjes binne irisearjend swart op 'e kop, rêch, sydkanten en sturt. Se hawwe efter it each in wite streek en leger ûnder it each fanôf de snaffel noch in wite streek, in read kin en in felgiele búk. De fleugels binne swart mei grutte wite flekken. It wyfke sjocht der folslein oars út en hat in brún- oant gielbrúneftige kop mei fine donkerbrune of donkergrize streken op 'e rêch op in gielbrune eftergrûn. De ûnderkant is net folle oars as de boppekant. It boarst en de kiel binne swart, meast gielbrún yn 'e midden fan 'e kiel en yn guon gefallen somtiden wat readeftich. Under it boarst is it wyfke ljochtgiel.

Der binne twa ûndersoarten:[1]

  • Sphyrapicus thyroideus nataliae (Malherbe, 1854)
  • Sphyrapicus thyroideus thyroideus (Cassin, 1852)

Alle jierren meitsje se in nije nêstholte en somtiden brûke se deselde beam wer. Der wurde 4 oant 6 aaien lein, dy't yn 12 oant 14 dagen útbret wurde. Nachts sit it mantsje op it nêst, oerdei wurdt it brieden om it healoere troch beide âlders ôfwiksele. De jongen bliuwe 31 oant 32 dagen yn it nêst, somtiden wat langer as de fiedsel- en waarsomstannichheden dêrta twinge.

De fûgels libje fan it sop fan 'e konifearen, mar yn 'e briedtiid binne ynsekten it belangrykste iten. Bûten de briedtiid ite de fûgels ek beien.

 
Biotoop yn Oregon.

It leefgebiet fan 'e spjirresopspjocht bestiet út iepen konifearebosken op in hichte fan 850 oant 3.500 m, mei fral de ponderosadinnebeam, de douglasspjirre en de grutte spjirre. De berchsulverspjirre en de lariksbeam drage ek by foar in goed biotoop foar de fûgels.

Fersprieding

bewurkje seksje

De spjirresopspjocht komt yn it west fan Noard-Amearika foar. Foar in diel binne it trekfûgels. De trekfûgels foarmje lytse groepen en kinne sa fier as it súdlike diel fan Sintraal-Meksiko trekke. Yn guon sintrale dielen fan it ferspriedingsgebiet binne it stânfûgels.

Troch ferlies oan biotoop yn guon dielen fan it ferspriedingsgebiet is it mooglik dat de fûgel yn oantal ôfnimt. De spjirresopspjocht komt ek foar yn 'e folwoeksen lariksbosken fan Britsk-Kolumbia yn Kanada, mar de boskap dêr hat laat ta in popelaasje fan minder as 500 eksimplaren en de fûgel wurdt dêr sûnt 2005 as bedrige registrearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Williamson's sapsucker en de Dútsktalige Wikipedyside de:Kiefernsaftlecker (ferzjes fan 25 desimber 2023)