Klyster
De klyster of swarte lyster (Turdus merula), yn 'e folksmûle faak gewoan lyster neamd, is in fûgel út de famylje fan de lysterfûgels.
klyster | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
sang alaarmrop | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Turdus merula | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeIt mantsje sit hielendal swart yn de fearren, fandêr ek syn Ingelske namme Blackbird. Fierder hat hy grize poaten en in giele snaffel en in giele ring om it each, It wyfke is hiel ûnopfallend mei brúngrize fearren en ek gjin giele snaffel of ring. De Klysters binne sa'n 25 sm grut.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe Klyster komt besuden fan de poalsirkel yn hiel Jeropa en grutte parten fan Aazje foar. Op oare plakken is er útset, Yn Austraalje en Nij-Seelân wurdt er sjoen as in pleach. Utsein de noardlikst libjende fûgels binne de klysters gjin trekfûgels en bliuwe se it hiele jier yn harren territoarium.
Iten
bewurkje seksjeKlysters ite fan alles. Se ite wjirms en ynsekten mar ek wol beien en ek wol ôffal. Se hawwe in territoarium dat bot ferdigene wurdt troch it mantsje, tsjinoer oare klysters mar ek wol tsjinoer oare, lytsere fûgels.
Fuortplanting
bewurkje seksjeIt briedseizoen fan de Klyster rint yn Jeropa fan ein maart oant ein juny, Yn dy tiid briedt it wyfke twa of trije kear. It nêst wurdt makke troch it wyfke, meast op in twa meter hichte yn in strûk of beam. Ek wurdt it nêst wol makke yn bygelyks in daksgoate of yn in ferskûle hoeke yn in hok. It wyfke briedt de fjouwer of fiif aaien yn sa'n twa wiken út. Dernei bliuwe de jongen ek noch twa wike yn it nêst dêr't se troch beide âlden fuorre wurde.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Klyster (Turdus merula) fan Wikimedia Commons. |