Reade Doarp (Baarn)
It Reade Doarp is in wyk yn Baarn. In 2010 waard de wyk oanwiisd ta beskerme doarpsgesicht. Dat barde op 25 jannewaris 2010 by in besite fan minister Ronald Plasterk.
De wyk Reade Doarp is in arbeiderswyk út de 20e iuw, ûntwurpen neffens it stedeboukundich prinsipe fan de túndoarpen, en is fan algemien belang fanwegen bysûndere kultuerhistoaryske, stedeboukundige en arsjitektuerhistoaryske wearden. De wenningen steane om in ipenbiere, pleinfoarmige griene romte. Binnen Baarn foarmet it strjitteplan fan ‘It Reade Doarp’ foar it grutstepart in eigen ienheid. De wenningen en de stedeboukundige opset fan it kompleks binne ûntwurpen troch de arsjitekt A.M. van den Berg út Hilfertsom en binne foarmjûn yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
-
Reade Doarp Baarn
-
Reade Doarp Baarn
-
Reade Doarp Baarn