De namme Reade Hoas komt yn Fryslân sa’n fjouwer kear foar. Yn de Trynwâlden hat Gytsjerk noch hieltiten en hie Tytsjerk earder dizze bysûndere topografyske namme. It begryp hoas of bokse is yn ‘e Fryske wurdboeken allinnich mar as homonym yn gearstallings bekend, lykas wynhoas. It Dútsk hat Hose foar Sackgasse, dearinnende stege. Dy metafoar liket hjir ek brûkt te wurden foar in lange loane of reed dy’t op ‘e ein dearint. Toponimen ferwize gauris nei lânskipseleminten of eigenskippen.

Tusken 1531 en 1533 waard op oanstean fan Georg Schenk fan Toutenburch in nije wei oanlein fan Ljouwert nei de Trynwâlden. De namme de Swartewei wiist nei alle gedachten nei de sintels dy’t in soad by de oanlis fan wegen brûkt waarden. By Gytsjerk en Tytsjerk giet it oer in loane of reed op in hichte fan 2 oant 3 meter boppe NAP. De Kadastrale Atlas fan 1832 lit sjen dat lâns dy paden de grûn geskikt wie foar boskbou, soks tsjut op in reed fan wâldsân. Sok sân skynt út fan oker nei read en sa kinne de hoazen read kleurje.

By de doarpen Dearsum en Minnertsgea liket de reade hoas mear om it werkennen as om in topografyske namme te gean. Sa’n namme of bynamme waard oan in hûs of bûtenpleats jûn om it makliker oan te tsjutten.

Yn it doarp Gytsjerk jouwe de twa strjitten dy’t no oantsjut wurde mei de Reade Hoas de nedige betizing. De Kadastrale Atlas fan 1832 makket sichtber dat de eigentlike hoas net nei it easten mar nei it suden rûn. De perselen Giekerk E172a en E289 foarmje nei alle gedachten de eigentlike hoas. De weikes fan hjoed-de-dei dy’t no foar de reade hoas trochgeane wiene yn 1832 noch net betocht. De hichte yn it lânskip en de boskbou om ‘e reed hinne pleitsje foar in sânreed. Dat wâldsân liket goed te wêzen foar de reade kleur.

 
Reade Hoazen Gytsjerk en Tytsjerk 1718. By Tytsjerk as stippelline troch de Sânjes.

It doarp Tytsjerk hie en in (Reade) Sok en in Reade Hoas. Yn it doarp waard letter de namme de Sok ferfongen troch Woelwijck de namme fan in earder bûten dat deunby de Sok stien hat. Soks hie grif te krijen mei de bungalows dy’t foar de âlde bebouwing oan de Sok ynplak kamen. Om de betizing tusken de Sok en de Reade Hoas te begripen, jout de Kadastrale Atlas fan 1832 mear dúdlikens. It perseel Hardegarijp G390a Reed als Weiland rint hast fan ‘e Noarderein ôf as in soarte fan twatine nei de ferbiningsfeart tusken de Lytse Wielen en de Tytsjerkster Feart. De lytste tine fan de twatine liket in soarte fan sok en de langste hat mear fan in hoas. Dy lêste waard letter troch de nije spoardyk fan 1865 yn twaen knipt. En sa liket de Reade Hoas yn it ferjittersboek te ferdwinen en de Sok it oant de nijbou fan de Woelwyk yn de twadde helte fan de tweintichste iuw te oerlibjen. De reed mei de foarm fan in sok en in hoas lei op in hichte fan sa’n 2 meter boppe NAP. De yn 1832 fêststelde boskbou om 'e paden hinne wiist op in ûndergrûn fan wâldsân mei syn wat readige kleur.

Wetterherberch It Dearsumer Húske út 1787 is ien fan de âldste huzen yn it doarp en stiet ek bekend as de Reade Hoas of de Forbaernde fuotsok. It liket hjir net om toponimen te gean mar om (by)nammen dy’t oan in hûs of bûten jûn waarden. It âlde Dearsumer húske hie wol in read pandak.

It Readhûs of De (Reade) Hoas wie in state yn Minnertsgea en stie op ‘e hoeke fan de Tsjillen mei de Tilledyk. It liket hjir net om toponimen mar om nammen te gean dy’t oan bygelyks in state jûn waarden. In ferwizing nei in lânskipselemint is net te finen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje