Reade Poarte (Moskou)

De Reade Poarte (Russysk: Красные ворота) wie in barokke triomfbôge yn Moskou, Ruslân. Poarten en bôgen fan dit type kamen in soad yn it 18e-iuwske Moskou foar. De Reade Poarte wie lykwols de iennige dy't noch yn de 20e iuw stie.

Reade Poarte

Красные ворота

bouwurk
De Reade Poarte (rjochts) mei de Tsjerke fan de Trije Hiërargen (lofts; ek ôfbrutsen yn 1927)
De Reade Poarte (rjochts) mei de Tsjerke fan de Trije Hiërargen (lofts; ek ôfbrutsen yn 1927)
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 46' N 37° 38' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1709
sloopjier 1927
boustyl Barok
De Reade Poarte foar 1917

De (doe noch houten) poarte waard oarspronklik yn opdracht fan Peter de Grutte boud om dêrmei de oerwinning fan de Slach by Poltova yn 1709 yn de Grutte Noardske Oarloch te betinken. It wie de earste triomfbôge fan Ruslân en Katarina I liet de triomfbôge yn it ramt fan har kroaning yn 1724 ferfange troch in nij bouwurk. Acht jier letter baarnde dizze triomfbôge ôf en yn 1741 waard de bôge wer opboud sadat op de dei fan Elizabeth's kroaning de feestlike optocht fan it kremlyn nei it Lefortovo-paleis troch de poarte gean koe. Yn 1748 baarnde de poarte op 'e nij ôf.

De oant dan ta houten bôge waard yn 1753 ôfbrutsen en troch arsjitekten fan Katarina I ferfongen troch in stiennen bôge. It ûntwerp kaam fan prins Dmitry Uchtomsky. De bôge krige in bloedreade kleur mei sniewite reliëfs, gouden letters en 50 fresko's mei û.o. foarstellings fan it tsaardom fan it Russyske Ryk en wapens fan Russyske provinsjes. In grut portret boppe de spanbreedte fan de poarte fan tsarina Elisabeth waard foar de kroaning fan Nikolaas I yn 1825 ferfongen troch in dûbelkoppige earn. Boppe de poarte kaam in byld fan in trompetblazende ingel.

Yn it midden fan de 19e iuw besochten de Moskouske autoriteiten de Reade Poarte te slopen, mar de plannen waarden op fersyk fan baron Andrej Ivanowitsj Delwig net útfierd.

Alhoewol't de poarte noch yn de maaitiid fan 1926 opknapt waard, foel yn desimber fan itselde jier it beslút om de B-ring om Moskou te ferbreedzjen. Foar dit doel moast de poarte en in tal oare bouwurken sloopt wurde. De Reade Poarte waard op 3 juny 1927 ôfbrutsen, ek al wiene der protesten tsjin de sloop. It gebiet waard krektlyk as it metrostasjon dat hjir yn 1935 iepene waard ferneamd nei de poarte en op it plein waard yn 1953 begûn mei de bou fan ien fan Stalin's wolkekliuwers. Yn 1941 krige it gebiet in oare namme, mar yn 1986 waard de plein wer omdoopt yn Reade Poarte Plein.

De ingel en fragminten fan it bouwurk binne hjoed de dei te finen yn ferskate musea fan Moskou. De fraach oft de Reade Poarte wer rekonstruearre wurde moat is by ferskate gelegenheden oan de oarder west. It gebiet is lykwols mei al it ferkear tsjintwurdich sa feroare dat in rekonstruksje net wierskynlik is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Красные ворота