De reade wrotmûzen (wittenskiplike namme: Clethrionomys, foarh. Myodes) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) en de tûke fan 'e reade wrotmûzen (Clethrionomyini). Ta dit skaai hearre fiif soarten, dy't benammen yn nullewâlden, op toendra's en yn sompen tahâlde.

Reade wrotmûzen
In noardlike reade wrotmûs.
In noardlike reade wrotmûs.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
ûnderfamylje: wrotmûzen (Arvicolinae)
tûke: reade wrotmûzen
   (Clethrionomyini)
skaai: reade wrotmûzen (Clethrionomys)
Pallas, 1811

Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw stie dit skaai bekend ûnder de wittenskiplike namme Myodes. Dy kaam fan it Grykske wurd foar "kaaisgatmûzen". Earder waarden foar dit skaai ek wol de nammen Evotomys of Clethrionomys brûkt. Yn 2019 waard lykwols dúdlik dat Myodes eins al in synonym wie foar it skaai Lemmus (fan 'e echte lemmings), wat de namme ûnbrûkber makke foar de reade wrotmûzen. Dêrom waar de eardere namme Clethrionomys doe reyntrodusearre. Tagelyk waarden sân fan 'e tolve soarten ferpleatst nei in apart skaai, dat fan 'e readgrize wrotmûzen (Craseomys).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.