Readekoalswam
De readekoalswam (Laccaria amethystina) is in swam út it skaai fan de tûlswammen (Laccaria). Fanwegen de fiolette kleur fan de swam wurdt de poddestoel ek wol ametistswam neamd. De readekoalswam is ytber.
readekoalswam | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Readekoalswam yn Tytsjerk | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Laccaria amethystina | ||||||||||||
(Huds.) Cooke | ||||||||||||
Skaaimerken
bewurkje seksjeDe readekoalswam is lyts oant middelgrut en falt benammen yn fochtige omstannichheden op troch de fiolette kleur. By droechte wurdt de readekoalswam bleek en kin dan feal oant hast bún fan kleur wurde. De hoed is 2 oant 6 sentimeter breed en wulfich oant plat. By it âlder wurden wurdt de hoed golvjend en lykje de rânen brutsen. De ek fiolette lamellen fan de hoed binne breed oanhechte. De stâl is 4 oant 10 sintimeter lang en likernôch 4 oant 8 millimeter breed. Yn tsjintstelling ta de hoed bliuwt de stâl ek by droech waard de kleur hâlden.
It spoarepoeier fan de readekoalswam is wyt; it fruchtfleis pears en wetterich. It rûkt en smakket ûnopfallend oant ûnmerkber.
Foarkommen
bewurkje seksjeDe readekoalswam komt hast yn de hiele wrâld in soad foar, útsein yn it westen fan Noard-Amearika en Grienlân. Fan de simmer oant de hjerst komt de poddestoel in soad foar yn leaf- en nuddelbosken. Dêr waakst de poddestoel op blêden en nuddels.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|