Reade Rivier fan it Suden
(Trochferwiisd fan Red River (Mississippy))
De Reade Rivier of Reade Rivier fan it Suden (Ingelsk: Red River of Red River of the South) is in sydtûke fan de Mississippy. De rivier ûntspringt út twa sydtûkken yn de Teksaanske Panhandle. Dêrnei rint de rivier nei it easten en foarmet er de grins tusken Teksas en Oklahoma en in stikje fan dy mei Teksas en Arkansas. By Fulton, yn Arkansas, bûcht de rivier nei it suden rjochting Louisiana dêr't er mûnet yn de rivier Atchafalaya en de Mississippy. De totale lingte fan de rivier is 2190 km. De rivier krige syn namme fan de reade klaai, dy't de rivier ôfset. Sûnt 1943 is de Reade Rivier bedamme mei de Denison Daam, sadat de opslachmar Lake Teksoma ûntstien is, in grut wetterreservoir fan 360 km² op sa'n 110 km benoarden Dallas.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Red River of the South fan Wikimedia Commons. |