Reddingsboatreed
De Reddingsboatreed is in strjitte mei fjouwer monumintale pânen yn Moddergat.
Skiednis
bewurkje seksjeDe strjitte krige syn namme troch de reddingsboat dy't hjir ± 1878 yn in loads lei. Inkele jierren dêrfoar hie dr. L.A. Buma út Makkum in legaat fan ƒ 12.000 skonken oan de Noard- en Súd-Hollânske Redding-Maatskippij om oan de Fryske kust in reddingsstasjon te fêstigjen. De reddingmaatskippij keas Moddergat út as plak fen fêstiging en kocht in terrein foar de bou fan in loads, dêr't de nij reddingsboat, de "L.A. Buma" (en letter de L.A. Buma II en L.A. Buma III) ûnderbrocht waard.[1] De earste reddingsaksje wie yn 1881. By aksje moast de reddingsboat fanút de loads mei help fan hynders en katrollen oer de dyk sleept wurde.[2] Yn it earstoan stie de loads by de dyk, mar dy waard letter ferset nei de ein fan de Reddingsboatreed.[3]It stasjon is oant 1941 brûkt.[3] De taak waard dêrnei oernomd troch de motorstrânrêdingsboat Johan de Witt fan Skiermûntseach.[2]
De bebouwing oan de Reddingsboatreed komt út de perioade om ± 1800. De pânen oan de westkant mei de nûmers 2, 4, 6 en 8 binne erkend as ryksmonumint en binne neffens Stenvert [et al.] een aardig ensemble. Reddingsboatreed 2 waard omtrint 1780 boud (it jieranker "1795" is by in lettere restauraasje oanbrocht en net goed). Reddingsboatreed 4 is yn 1815 boud op in fan Reddingsboatreed 2 ôfskieden part fan it persiel. Reddingsboatreed 6 en 8 binne beide fan 1796. Reddingsboatreed 6 hie in tegeltablo mei de ôfbylding fan in kofskip makke troch Meindert Jans Vogelzang. In foarige eigener hat it tableau ferkocht, mar it is nei wat omswervingen wer werom yn Moddergat.[4][5]
-
Reddingsboatreed 4
-
Reddingsboatreed 6
-
Tegeltableau (oarspronklik op nûmer 6)
-
Reddingsboatreed 8 Moddergat
Literatuer
bewurkje seksje- Ihno Dragt, Aan de vissers heeft het niet gelegen. Het reddingstation van Moddergat (1878-1942), 2011.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|