Regnerus Livius fan Andringa de Kempenaer
Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer (De Bosk 24 maart 1752 - Arnhim 3 desimber 1813), wie in Nederlânsk steatsman. Hy is de grûnlizzer fan it aadlike geslacht Van Andringa de Kempenaer.
Biografy
bewurkje seksjeEftergrûn, oplieding en iere karriêre
bewurkje seksjeRegnerus Livius van Andringa de Kempenaer waard ferneamd nei syn twa petefaren [1]. Syn heit Hendrik van Andringa de Kempenaer wie skepen fan De Bosk[2] en dt syn heit wie boargemaster fan Harns[1]. R.L. van Andringa de Kempenaer wie fan boargerlik én fan aadlik komôf.
R.L. van Andringa de Kempenaer studearre oan de Universiteit fan Frjentsjer, mar helle gjin akademyske graad[3]. Yn 1772 waard hy beneamd ta grytman fan Lemsterlân en folge hjirmei syn petefaar Daniel Livius van Andringa de Kempenaer op[4]. Yn 1773 waard hy ek lid fan de Steaten fan Fryslân. Tusken 1773 en 1791 wie hy boppedat lid fan it Mindergetal en fan 1779 - 1781 wie hy lid fan de Admiraliteit fan Amsterdam foar Fryslân. Yn 1787 fertsjintwurdige hy Fryslân by de Steaten-Generaal yn De Haach. Fan 1791 - 1795 wie hy ek lid fan de Rekkenkeamer fan de provinsje.
Politike karriêre yn de Frânske tiid
bewurkje seksjeR.L. van Andringa de Kempenaer stie dan wol bekend as Oranzjist, mar ûnderhâlde ek treflike kontakten mei de aristokratyske fleugel fan de patriotten. By de Frânske ynfal yn 1795 en de dêrby hearrende Bataafske Revolúsje waarden de grytmannen, w.û. De Kempenaer ôfsetten. Hy bleau in skoftlang amtleas boarger, mar waard yn 1801 lid fan it Wetjouwend Lichem, it parlemint fan de Bataafske Republyk. Fan 1806 - 1809 wie hy steatsriedslid yn bûtengewoane tsjinst belêste mei Koloniale Fraachstikken.
Op 8 maaie 1807 waard hy troch de kening fan Hollân, Loadewyk Napoleon beneamd ta lândrost (dws. gûverneur) fan Fryslân. Yn dy funksje stribbe hy, bystien troch oare ynfloedrike Friezen, nei in maksimale selsstannichheid fan de provinsje binnen it keninkryk. Yn febrewaris 1811 waard hy ferfongen troch Johan Gijsbert baron Verstolk van Soelen omdat keizer Napoleon him beneamd hie ta prefekt fan it departemint Boppe-Isel. Yn dy hoedanigens fêstige er him yn Arnhim, de haadstêd fan it departemint. Hy ferstoar op 3 desimber 1813 yn Arnhim yn de âldens fan 61 jier, op it momint dat de stêd troch de Prusen belegere waard[3].
Famylje
bewurkje seksjeRegnerus Livius van Andringa de Kempenaer wie twaris troud:
- Judith Elisabeth d'Arnaud (1756-1780)
- Tjallinga Aurelia Wilhelmina des H.R. Ryksbarones thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1775-1857)
Ien fan syn soannen (1e houlik), Antoon Anne van Andringa de Kempenaer (1777-1825), waard op 24 novimber 1816 yn de adelstân ferheft. Hy wie ek grytman fan Lemsterlân (1816-1825). Syn healbroer wie jhr. Wilco van Andringa de Kempenaer (1809-1873).
Ferwizings
bewurkje seksje- ↑ 1,0 1,1 Geschiedenis van Friesland 1750-1995, troch: J. Frieswijk, J.J. Huizinga, L.G. Lansma, Y.B. Kuiper, Amsterdam 1998, side 122
- ↑ R.L. van Andringa de Kempenaer - Parlemint & Polityk
- ↑ 3,0 3,1 idem
- ↑ Nije Nammelist fan Grytmannen fan de ierste tiden ôf oant it jier 1795, troch: jhr. mr. Hobbe Baerdt fan Sminia, Ljouwert 1837, side 374