Rehobothtsjerke (Dronryp)
De Rehobothtsjerke wie oant 2006 de grifformearde tsjerke fan Dronryp. Nei in fúzje mei de protestantske tsjerke waard it gebou fan 'e hân dien en nei de ferkeap ferboud ta wenromte. It bygebou wurdt hjoed-de-dei foar berne-opfang brûkt.
De bou fan it tsjerkegebou waard yn 1908 ôfrûne. Ferbouwings fûnen plak yn 1920, 1949 en 1979. De lêste tsjinst waard holden op 29 oktober 2006.