Reichenstein (Trechtingshausen)

Reichenstein (Dútsk: Burg Reichenstein), ek bekend ûnder de namme Falkenburg, stiet op in útstekkende rots oan de eastlike helling fan it Binger Wald boppe it plak Trechtingshausen, himelsbreed likernôch 5 km noardwestlik fan de stêd Bingen. Reichenstein heart ta de âldste kastielen yn de Midden-Ryndelling.

Reichenstein (Trechtingshausen)
  kastiel
Lokaasje
lân Dútslân
regio Rynlân-Palts
plak Trechtingshausen
koördinaten 49° 59' N 7° 51' E
Skiednis
stiftingsjier earste fermelding: 1213
boujier 1100-1200
weropbou 1823-1829
hjoeddeiske steat yntakt
Oars
type kastiel
boustyl neogotyk
hichte 190 m. boppe seenivo
hjoeddeisk gebrûk museum
bysûnderheden UNESCO-wrâlderfgoed
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side kastiel Rheinstein
Kaart
Reichenstein (Rynlân-Palts)
Reichenstein

It kastiel waard yn 1213 foar it earst neamd, doe't de abdij Kornelimünster by Aken Filips III fan Bolanden as kastielfâld beneamde. De kastielfâlden fan Reichenstein hearden yn 'e 13e iuw ta de tige beruchte en skeane rôfridders. Dêrom waard yn 1282 kening Rudolf I frege om help, dy't nei in belis fan fjouwer jier it kastiel úthongere en dêrnei ôfbaarne liet. De rôfridders fan Reichenstein waarden tegearre mei dy fan de kastielen Sooneck en Ehrenfels finzen set en by de Klemenskapel deamakke.

 
Reichenstein

Sûnt 1290 krigen de Paltsgreven de ruïne yn hannen, dy't it lykwols yn 1344 oan Kar-Mainz oerlieten. Neitiid folge in nijbou mei in dûbele ringmuorre om in rjochthoekige wentoer en de binnenhôf fan it haadkastiel hinne. Noardlik waard in foarhôf tafoege.

Nei't de paus yn 1397, oars as de kar fan it domkapittel fan Mainz, Jehan II fan Nassau-Wiesbaden-Idstein ta aartsbiskop beneamde, hold de troch it kapittel yn 1396 keazen aartsbiskop Godfried fan Leiningen him skûl yn it kastiel. Nei lang en dreech ûnderhanneljen die Godfried fan Leiningen ôfstân fan it ambt en waard er ôfsâlte mei it amt fan domproast fan Mainz, sadat it net nedich wie it kastiel te bestoarmjen en op 'e nij te ferneatigjen.

Sûnt de 16e iuw sette it ferfal fan it kastiel yn. De resten dêrfan waarden yn de Njoggenjierrige Kriich yn 1689 opblaasd. De Prusyske militêr Franz Wilhelm von Barfus kocht yn 1834 de ruïne op en ferboude in toer as syn wente. Syn erfgenamen ferkochten it kastiel wer yn 1877.

It hjoeddeiske oansjen fan it kastiel is te tankjen oan de rike baron Nikolaus von Kirsch-Puricelli. Hy kocht it oan en liet yn 'e jierren 1899-1902 in kastiel yn Tudorstyl bouwe en in tún yn Ingelske styl oanlizze. Op it plak fan it foarhôf waarden mear gebouwen en in útsjochtoer set. Reichenstein wie it lêste kastiel dat yn it ramt fan de Rynromantyk werboud waard.

Tsjintwurdich is it kastiel in museum mei in grutte samling wapens, jachttrofeeën, smei-izerkeunst en meubilêr. Ek is der in hotel mei restaurant ûnderbrocht.

Nei de oermastering fan it kastiel hong kening Rudolf I de rôfridders op. De oanfierder Diedert fan Hohenfels wist lykwols út te naaien.

In âlde sêge fertelt lykwols in hiel oar ferhaal:

Om syn soannen te foar de dea te hoedzjen naam Diedert fan Hohelfels de skuld fan al it plonderjen, ferkrêftsjen en moardzjen folslein op him. De kening lykwols wegere de soannen fan Diedert te sparjen, mar hy wie ree om alles oer te litten oan it oardiel fan God. Dêrom naam de kening Dietrich mei nei it plak by de Klemenskapel, dêr't de eksekúsje plak soe fine. Dêr liet er de njoggen soannen op in rige njonken inoar sette. De kening wiisde nei de soannen en sei tsjin Diedert: "dêr steane dy soannen, as dyn kop aansens troch it sân rollet en it slagget dy dan noch by dyn neateam lâns te kuierjen, dan sil ik eltse soan sparje dystû bylâns rinst". Dêrnei liet de kening Dietrich ûnthalzje.

En doe barde wat nimmen ferwachte: it bluodderige lichem foel net del, mar stoffele sûnder kop stadichoan de rige soannen bylâns en sakke pas yn syn ratteljende harnas del doe't de lêste soan foarby wie, wylst út de hals oer de omstanners it bloed fan de rôfridder spuite. De kening seach wyt as kryt mar holde him oan syn wurd: hy sparre de soannen fan de rôfridder, mar makke wol dat er dêr sa gau mooglik wei kaam.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (dú) [Burg Reichenstein (Mittelrhein) Burg Reichenstein]