Rein de Vries
Rein de Vries (Ljouwert, 4 febrewaris 1944) is in Fryske keunstner. Hy krige syn oplieding oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert en de Akademy Minerva yn Grins. Dêrneist helle hy de Aktes LO Tekenjen en Hannewurk en folge in postakademyske kursus Keunstpsychology oan de katolike Universiteit yn Nymwegen.
Tusken 1968-1972 wie De Vries tekenlearaar oan de húshâldskoalle yn Surhústerfean, de Mafû yn Ferwert en de legere lânbouskoalle yn Marrum. Fan 1978 oant 2009 joech hy lessen tekenjen en skilderjen oan it Kreativiteitssintrum de Sirkel op It Hearrenfean, oant 2007 yn It Toanhűs (earder De Lantearne) op De Jouwer en fan 1992 oant 2008 ek by Parnas (foarhinne De Blauwe Stoep) yn Ljouwert. Neist FRIA is Rein de Vries ek lid fan de Waadkeunstrûnte en de Nederlânske Feriening fan Seeskilders. Ut dizze posysje wei hat er in soad tekeningen makke (ûntwerpen) oer de enerzjyfoarsjenning en it ferfier yn de takomst.
Wurk
bewurkje seksjeDe keunstner makke in grut ferskaat oan opdrachten: fan ûntwerp en útfiering fan romtlik wurk, boartersplastiken, plastiken, pinningen, skilderijen, tekeningen en grafyk fan lânskippen, arsjitektuer, dekors oant en mei merke-attraksjes. It iepen lânskip spilet in grutte rol yn syn wurk. Oan it begjin tekent er bygelyks in soad masines dy't dat wide lânskip bewurkje: Ploegen, laadskeppen, bulldozers, baggermoles, betonauto’s, draglines en jirpeldolmasines binne dan ek faak te sjen. Yn syn komposysjes komt de spanning tusken kultuer en natuer wol faker ta uting.
Prizen
bewurkje seksje- Drompelpriis foar de skilderkeunst fan de stêd Grins.
- Priis foar in merkeattraksje yn Dútslân
- 1989: Earste prris foar it wykblêd Schuttevaer mei in ûntwerp Binnenfeartskip
- 1993:Earste priis foar syn ûntwerp 'Auto fan de takomst' troch Kijk/Bovag-Rai 1993.
Syn keunstwurken binne oankocht troch it Jeropeesk parlemint, de provinsje Fryslân, ferskate gemeenten, bedriuwen en partikulieren. Der komt in lytse oersjochtentoanstelling yn de Keunstromte op It Hearrenfean fan 28 maart - 10 maaie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |