Reinhold Platz (Cottbus, 16 jannewaris 1886 - Ahrensburg, 15 septimber 1966) wie in Dútske fleanmasineûntwerper en fleantúchbouwer yn tsjinst fan it Nederlânsk bedriuw Fokker.

 
Fokker Dr.I (1917)
 
Fokker D.VII (1918)
 
Fokker D.VIII (1918)
 
Fokker F.II (1919)

Platz kaam yn 1912 as lasker yn tsjinst by Fokker. Syn earste karwei wie it laskjen fan de metalen framedielen fan de Fokker Spin. Platz hie it laskjen leard fan de Frânsman Edmund Fouché en wie ien fan mar in pear persoanen yn Dútslân dy't doetiids aluminium laskje koe. Meidat de buizekonstruksjes fan de Fokkers fan aluminium wiene krige er aardich wat te sizzen yn it bedriuw.[1] Yn 1916 waard Fr. A. Möser haadyngenieur by it Fokker-fabryk yn Schwerin, nei it ferstjerren fan haadûntwerper Martin Kreutzer.[2] Oare boarnen sizze dat Platz sels haadyngenieur waard. De striderij dêroer is begûn troch it boek fan A.E. Weyl Fokker: The Creative Years en de lettere krityk op Weyl fan Peter Grosz. [3] Platz hie gjin heger ûnderrjocht hân: lykas Anthony Fokker wie it in man fan de praktyk. Dat makke har ta in sterk tiim; Platz koe Fokkers revolúsjonêre ideeën oer de loftfeart ta útfiering bringe. Hy wi ûnder oare belutsen by de ûntwerpen fan de jachtfleanmasines Fokker D.VII, de Fokker Dr.I, de Fokker D.VIII en de passazjiersfleantugen Fokker F.I, Fokker F.II en Fokker F.III.

Nei de Earste Wrâldoarloch waard Platz haadûntwerper by de Fokker-fabriken yn Amsterdam. Hy krige doe te fernearen fan kollega's op syn behâldendheid wat nije ûntjouwings yn de fleantúchbou oanbelange, lykas bygelyks de metalen konstruksje fan de fleanmasines fan Junkers. Hy bleau oant 1931 by Fokker oan 't wurk, mar Fokker fûn it letter dochs needsaaklik om him dien te jaan, omdat de technyske kennis benefter bleau by de rest fan de wrâld.[4] Dêrnei gie Platz oer nei Pander [5] yn De Haach. Dêr hat er sat't it liket net folle ynbring hân, om't er gjin fleantugen fan Pander út dy perioade bekend binne en it fabryk yn 1934 al wer ticht moast.

It sweeffleantúch fanPlatz

bewurkje seksje

Yn de tiid dat Platz by Fokker yn Amsterdam wurke, fûn er in sweeffleantúch mei seileftige fleugels út. It wie in foarrinner fan de hangglider fan Francis Rogallo, sa't wy dy no kenne. It tastel makke de earste bemanne flecht by Vlissingen yn 1923. Hoewol't der eartiids sein waard dat it tastel goed bestjoerber wie, wize lettere eksperiminten mei replika's út dat it allinne rjochtút fleane koe. Hjoeddeis wurdt it ûntwerp noch wol brûkt as draak.[6]

  • Alfred Richard Weyl: Fokker. The creative years. Londen 1965.
  • Peter Grosz: Reinhold Platz and the Fokker Co. Over the Front, diel 5, nû. 3, hjerst 1990.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) http://findarticles.com/p/articles/mi_qa3897/is_200402/ai_n9354467
  2. (in) http://www.aerofile.info/fokkerd7/d7html/rplatz.htm
  3. (in) http://www.theaerodrome.com/forum/people/17273-platz.html
  4. Dwarswind: een biografie van Anthony Fokker - Marc Dierikx, 1997, Sdu Uitgevers, ISBN 90-12-08432-6
  5. Pander, een Haagse vliegtuigbouwer - Harm J. Hazewinkel, 2007, uitg. KNvVL ISBN 9789080886834
  6. (in) http://ozreport.com/7.77