Renado (Recht Naar het Doel) spilet op de fjilden oan de Groenendal yn Sint-Nyk. De klup is oprjochte op 11 april 1938 en De Praetpaal is it klupblêd. De jeugdalvetallen A1 oant en mei D1 binne tegearre mei Fuotbalferiening VVI út Jiskenhuzen yn in kombinaasje aktyf.

  • Tenu: wyt shirt, treade broek en reade sokken mei wite boarde.

Renado telt fiif senioareteams en in damesteam. De feriening spilet op snein har wedstriden.

Promoasje 2008/2009 bewurkje seksje

Yn it seizoen 2008/2009 promovearre it earste team nei de tredde klasse troch yn twa moetingen sterker te wêzen as Fuotbalferiening Bakkefean. In Bakkeveen waard it 1-1 en thús yn Sint Nyk waard op 17 maaie 2009 mei 3-2 wûn.

Sealfuotbal bewurkje seksje

Renado hat fjouwer sealfuotbalteams: 3 heareteams en in damesteam. Yn it seizoen 2008/2009 binne it earste en it twadde team fan de seal kampioen wurden. It earste die dit yn de 3e klasse en it twadde yn de 4e klasse.

Keppeling om utens bewurkje seksje