Kosovo

(Trochferwiisd fan Republyk Kosovo)
Kosovo
Косово и Метохија
Kosova
Flagge fan Kosovo Wapen fan Kosovo
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kosovo
Offisjele taal Albaneesk
Servysk
Haadstêd Pristina
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
10.887 km² km²
-­%
Ynwenners (2008) 2,1 miljoen
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 17 febrewaris
Lânkoade -
Ynternet -
Tillefoan 381

Kosovo is in de facto ûnôfhinklike steat yn it súdwesten fan de Balkan.

Kosovo grinzet yn it súdwesten oan Albaanje (112 km), yn it suden oan Noard-Masedoanje (159 km), yn it noardwesten oan Montenegro (79 km) en yn it easten en noarden oan Servje (352 km). De grutste stêden binne Pristina (564.800) yn it sintrum, Gjakovë/Đakovica (153.000) yn it westen en Prizren (221.374) yn it súdwesten.

It gea leit opsletten yn in rige fan bergen mei hichten tusken de 2.000 en 2.500 m. Dêrtusken binne de hichteferskillen tusken de 400-700 m. It heechste punt is Gjeravica/Deravica (2.565 m).

Troch it westen fan it lân streamt de Wite Drin, dy't yn de omkriten fan Peć ûntspringt. De Drin is de wichtichste rivier en mei 122 km ek de langste rivier yn Kosovo. Yn de midden fan it lân en oan de grins mei Servje en Albaanje binne der wat lytse marren. De grutste mar fan Kosovo is de Gazivodemar, dêrnei komme de Radonjić-mar en Batlava-mar.

Kosovo hat in myld kontinintaal klimaat. Kâlde winters mei aardich wat snie oant −20 °C, simmerdeis en hjerstmis is it drûch en kin it 40 °C wurde. Mediterraanske en Alpine ynfloeden soargje foar regionaal ferskaat. De measte rein falt ornaris fan oktober oant en mei desimber.

 

Serven teagen yn de 7e iuw nei dielen fan it hjoeddeiske Kosovo mar kamen pas yn de 13e iuw ûnder Servysk bewâld. It ferlies fan de Serven tsjin it Osmaanske Ryk yn de Slach om Kosovo fan 1389 late ta 5 iuwen fan Turkske oerhearsking yn Kosovo wêrtroch in protte Turken en Albanezen har yn it gebiet nei wenjen setten. Oan ´e ein fan de 19e iuw wienen de Albanezen de dominante etnyske groep yn Kosovo ynstee fan de Servjers. Doe´t de Turken har weromlutsen nei de Earste Balkan Kriich (1912) griep Servje op ´e nij de macht yn Kosovo. Nei de Twadde Wrâldkriich krige Kosovo de status fan autonome provinsje binnen de Republyk Servje. Yn de Kâlde Kriich besochten Kosovaren hieltyd wer om mear autonomy te krijen en hiene suver deselde status as dy fan in republyk neffens de Joegoslavyske wet. Nettsjinsteande de wetlike konsesjes boaze de rebûlje fan Kosovaarske nasjonalisten oan. Serven yn Kosovo fielden har tekoart dien en Servyske nasjonalistyske foaroanmannen, lykas Slobodan Milosevic, brûkten dizze mooglikheid om mear stipe te krijen fan Servyske stimmers by de ferkiezings dy't Kosovo ta it Servyske heitelân rekkenen. Under Milosevic krige Servje yn 1989 in nije wet wêrtroch Kosovo syn autonomy kwytrekke. Der kaam ferset fan de oare kant en antwurden mei in referindum yn 1991 wêrby't Kosovo ûnôfhinklik ferklearre waard fan Servje. It Servyske regear besocht de Kosovaren ûnder de kwint te hâlden en naam maatregels wylst it Kosovaarske regear mei passive wjerstân besocht ynternasjonale stipe te krijen. Yn 1995 hienen de Albanezen har nocht fan de passive wjerstân fan it Kosovaarske regear en stiften it Kosovaarske Frijheids Leger en kamen yn ferset. Yn 1998 kaam Milosevic mei in tsjinoanfal wêrby in protte Albanzen tamtearre as fermoarde waarden. De ynternasjonale mienskip besocht it konflikt freedsum del te bêdzjen mar Milosevic woe dêr neat fan witte. Dat late yn maart 1999 ta trije moannen lang bombardearjen fan Servje troch de NAFO, de Serven joegen belies en lutsen har yn juny 2009 werom út Kosovo. Troch resolúsje 1244 fan de Feiligensried fan de Feriene Naasjes krige de 'United Nationas Interum Administration Mission' (UNMIK) it foech oer Kosovo yn ôfwachting fan de takomstige status fan Kosovo. Mei de resolúsje wie Kosovo noch hieltyd in part fan it territoariale Servje mar UNMIK wie ferantwurdlik foar it regearen. Yn 2001 krige Kosovo in tydlik regear dat in part fan de taken fan UNMIK op him naam en yn 2005 seach de Feriene Naasjes wer nei de mooglikheden foar de status fan Kosovo. Yn 2006 en 2007 wienen der ûnderhannelings oer desintralisaasje, religieus erfskip en minderheidsrjocht mar de belangen fan de Serven (dy't wol meiwurkje woenen oan mear autonomy) en Albanezen (dy't folsleine autonomy ha woenen) rûnen net lykop. Op 17 febrewaris 2008 ferklearre Kosovo himsels ûnôfhinklik fan Servje [1].

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

BYP per persoan is $1.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 20% lânbou, 20% yndustry en 60% tsjinsten.

 
Etnisiteiten per regio
 
Erkenning fan de Republyk Kosovo yn de JU
    Erkenne de Republyk Kosovo wol
    Erkenne de Republyk Kosovo net

Yn 2007 waard it tal Kosovaren op 2.126.708 rûsd.

Etnyske groepen

88 % Albanezen
7 % Serven
5 % oar (Bosniakken, Gorany, Roma, Turken, Askaly, Egypteners)

Religy

Islam (Albanezen, Boskniakken, Gorany, Turken, Egypteners)
Servysk Ortodoks (Servjers)
Roomsk Katolyk (Albanezen)

Taal

Albaneesk (offisjeel)
Bosnysk
Roma
Servysk (offisjeel)
Turksk

Status ûnôfhinklikens

bewurkje seksje

Servje en ferskate oare steaten (ûnder oare Ruslân) protestearje tsjin de Feriene Steaten en oare lannen dy't Kosovo erkend hawwe doe't it him yn febrewaris 2008 ûnôfhinklik ferklearre. KFOR peacekeepers (ûnder lieding fan de NAFO) en de UNMIK-missy sille fierder mei it bewarjen fan de frede tusken de Albaneeske mearderheid en Servyske minderheid. Kosovo en Massedoanje hawwe de grins tusken beide lannen yn septimber 2008 fêstlein. Guon lannen dy't Kosovo as ûnôfhinklike steat erkenne, hawwe wilens yn Pristina in ambassade.

List fan ynternasjonale helporganisaasjes yn Kosovo

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje