Rhyse Richards, echte namme: Ashtyn Dawn Tyler (Orange County (Kalifornje), 11 juny 1972), is in rêstend Amerikaansk pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Rhyeese Richards en Rhyse Richardson. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.60 m lang, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 54DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hie. Har jongere styfsuster Rhylee Richards is ek wurksum as pornoaktrise.

Rhyse Richards
persoan yn de seksyndustry
Rhyse Richards (l.) mei har styfsuster Rhylee Richards.
Rhyse Richards (l.) mei har styfsuster Rhylee Richards.
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Rhyeese Richards,
Rhyse Richardson
echte namme Ashtyn Dawn Tyler
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 juny 1972
berteplak Orange County (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 20072012
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Richards waard yn 1972 berne yn Orange County, ûnder de reek fan Los Angeles, yn it suden fan 'e steat Kalifornje. Se makke har debút yn in pornografyske film yn 2007, doe't se 35 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn 45 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Anabolic Video, New Sensations, Evil Angel, Hustler Video, Third Degree Films, Sin City, Digital Playground, Zero Tolerance en Jules Jordan Video. Ek hat se wol wurke foar pornosites op it ynternet, lykas Reality Kings en Brazzers.

Fan it begjin ôf oan spile Richards benammen rollen yn 'e milf- en cougar-sjenres fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Har jongere styfsuster Rhylee Richards is ek wurksum as pornoaktrise, en mei har wurke Rhyse gauris gear, bgl. by in sêne foar de site SisterReunion.com. Rhyse Richards loek har yn 2012 werom út 'e pornoyndustry, en wennet tsjintwurdich yn Hollywood.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: