Richard Brakenburg

Richard Mennessoan Brakenburg of Brakenburgh (Haarlim, 22 maaie (doopdatum) 1650 – dêre, 28 desimber 1702) wie in Nederlânsk keunstskilder dy't ta de Hollânske skoalle hearde.

It Sinterklaasfeest. 1685. Ryksmuseum Amsterdam.

Brakenburg waard berne yn Haarlim as tretjinde út in húshâlding fan fjirtjin bern. De famylje kaam oarspronklik út East-Fryslân. Hy wurke en wenne fan 1671 oant sa. 1690 yn Ljouwert; dêrnei gie er werom nei syn bertestêd Haarlim. Hy learde it fak fan de Haarlimske skilder Adriaan fan Ostade en wie as sjenreskilder in trou neifolger fan Jan Steen. Teffens krige syn namme in beskieden klank as portretskilder en als dichter. Yn Ljouwert wie er faaks learmaster fan de Fryske skilder fan seesichten Wigerus Vitringa.

Wurk fan Brakenburg is te sjen yn ûnder oaren it Ryksmuseum yn Amsterdam (sjoch ôfbyld), it Mauritshûs yn De Haach en it Szépművészeti Múzeum yn Boedapest.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Richard Brakenburg fan Wikimedia Commons.