Wigerus Vitringa
Dr. Wigerus Vitringa (Ljouwert, 8 oktober 1657 – Wurdum, 18 jannewaris 1725) wie in abbekaat en keunstskilder út de 17e iuw. Hy wie benammen ferneamd om syn skilderijen fan haven- en seesichten.
Libbensrin
bewurkje seksjeVitringa kaam út in famylje fan rjochtsgelearden en teologen út Ljouwert. Hy studearre ek rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer, hjir promovearre hy op 4 july 1678. Nei syn stúdzje festige hy him yn Ljouwert as advokaat fan it Hof fan Fryslân. Neist syn aktiviteiten as advokaat skildere hy portretten, en letter ek seesichten.
Letter gie Vitringa yn Alkmar wenjen, wêr’t hy him hielendal stoarte op it skilderjen. Hy wie fan 1696 oant 1706 lid fan it Sint-Lukasgilde yn Alkmar.
Hjirnei gie hy wer yn Ljouwert wenjen. Trochdat syn sicht hieltyd minder waard troch in eachkwaal, koe hy nei 1706 gjin skilderijen mear meitsje. Wol liede hy learlingen op ta skilder. Ien fan syn learlingen wie Taco Hayo Jelgersma, fan Harns. Jelgersma hat in tal portretten fan Vitringa makke.
Vitringa stoarn yn 1725 yn Wurdum.
It wurk fan Vitringa is bot ynspirearre troch skilderijen fan Ludolf Backhuysen, ien fan syn learmasters. In tal wurken fan Vitringa binne sadwaande yn it ferline ek taskreaun oan Backhuysen. Ek Richard Brakenburg fan Haarlim hat in learmaster fan Vitringa west.
Utstalling
bewurkje seksjeYn 2008, tusken 3 febrewaris en 11 maaie wie yn it Frysk Museum in útstalling fan Vitringa syn wurken te besjen. Yn de útstalling stiene Vitringa syn wurken sintraal, ek wurken fan syn masters en learlingen waarden útstalle.
Literatuer
bewurkje seksje- Wigerus Vitringa - De zeeschilder van Friesland; Friese Pers Boekerij. ISBN 9789033007392