H.G.J. (Rick) Steur is in Nederlânske ekonoom en ûnderwiisman.

Steur studearre bedriuwsekonomy en organisaasjekunde oan de Universiteit fan Amsterdam.

Yn 1978 begûn er oan de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert en Grins. Hy wurke dêr oant 1987 as learare-oplieder en begelieder fan oansteande leararen foar it mbû en fuortset ûnderwiis. Letter waard hy ynspekteur Fuortset Underwiis yn Ljouwert.

Tusken 2000 en 2009 wie Steur foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan CVO Súd-West Fryslân. Neidat er haadynspekteur Fuortset Underwiis, Beropsûnderwiis en Folwoeksenenedukaasje en Heger Underwiis west hie, begûn er yn 2013 as trainer/adviseur by BeteoR Minsk en Organisaasje.

Yn 2008 krige Steur in Fear yn’e Broek fan de Fryske Beweging. It wie in wurdearring foar syn ynset as net-Frysktalige om in better plak foar it Frysk yn it ûnderwiis te krijen, benammen op de skoallen dy't ûnder syn bestjoer stiene. De sjuery neamde him in foarbyld fan in "goed-geïntegreerde import-Fries". Bûten dat er him de taal eigen makke, sette hy him ek yn foar it Frysk yn it ûnderwiis. Mei troch syn krewearjen waard it 'telelearen' foar it Frysk opsetten, wêrtroch't ek learlingen fan lytse skoallen it fak folgje kinne.[1]

  • Organiseren of hoe mensen samenwerken. Ynlieding yn de teory fan de ynterne organisaasje, taljochte oan de hân fan in foarbyldorganisaasje, Wolters-Noordhoff (1991) ISBN 9789001813628

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Wytboek, út: Frysk Deiblêd, 10 jannewaris 2008