Ridderhofstêd Bolenstein

Ridderhofstêd Bolenstein is in kastiel yn Maarssen yn de provinsje Utert.

Bolenstein
Bolenstein sydkant
Bolenstein foarkant
Bolenstein efterside

It waard om 1340 stifte troch Derk de Bole en bestie doe noch mar út in wentoer. It is meardere kearen útwreide en ferboud. It hûs waard yn 1538 ferheft ta ridderhofstêd. Dat wie in fersterke hûs dêr't de famylje fan de bewenner al iuwenlang ta de adel hearde. Foardiel dêrfan wie frijstelling fan belesting op ûnreplik guod. Letter krigen eigeners ek it lidmaatskip fan de Steaten fan Utert. Yn 1917 krige it hûs syn hjoeddeiske rjochthoekige plattegrûn. In oerwulfde kelder en muorren fan in meter dik bringe yn it ûnthâld de 14e-iuwske wentoer. Yn 1404 draacht de destiids eigener (Dirck fan Bole) it yn lien op oan de Biskop fan Utert.

Yn 1438 is it ferkocht oan ridder Otto Snaef en letter wurde de Van Nijenrode's eigener. Dan wurde de folgjende famyljes eigener: Snellenburg, Van Zuylen van Nijvelt, Godin, de Malapert en Van Heeckeren. It hûs hie yn de 17e iuw in dûbelde bekapping oan beide siden mei dûbelde trepgevels. It hie fjouwer skoarstiens mei piramidefoarmige bekroaningen mei wynfaantsjes. Yn 1825 is dit ferfongen troch in fjouwerkante kape mei in tuorke en klok. Der waard in brêge-bordes oanlein. De muorren sels waarden beplastere mei blokte bannen oan de hoeken. Yn 1917 is in erker oanboud. Yn it koetshús siet ein 19e iuw de earste elektrisiteitssintrale fan Maarssen. Yn 1900 ferdwûn de grientetún en waard de skippersgrêft ferlinge. Dêrnei waard de Wilhelminawei oanlein, wêrby't de teekoepel fersetten waard nei Loenen. Sûnt 1960 is it hûs restaurearre en ûntplastere. De lêste restauraasje wie tusken 1999 en 2002. Krekt bûten it terrein fan Bolenstein stiet sûnt 1968 in teekoepel. Dy stie earder op it grûngebiet fan Doornburgh, oan de oare kant fan de Vecht.

Yn de 19e iuw binne de eigeners Johannes Fåhraeus, Walland, Abels Visser, Wolff, Strick van Linschoten, Van der Vijsel en begjin 1900 J.M. de Muinck Keizer.

De gemeente kocht Bolenstein yn 1942. Der waard in distribúsjekantoar fêstige en in plysjeburo. Yn 1960 ferkeapet de gemeente it oan de arsjitekt B.O. van den Berg. Fan 1981 - 1999 wenne de filmprodusint Matthijs van Heijningen yn it hûs.

Uteinlik wurdt dan de 2006 yn opspraak rekke fêstguodmagnaat Jan-Dirk Paarlberg de eigener. Hy hie hjir wat kantoarromten oan de lettere Kommissaris fan de Europeeske Kommisje Neelie Kroes fergees beskikber steld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: