Riedhûs fan Flylân
It eardere Riedhûs fan Flylân is, sa 't de namme it al seit, it âld riedhûs fan de Nederlânske gemeente Flylân. It riedhûs waard yn 1855 boud as ferfanging fan it riedhûs út 1598. It pân waard op 7 juny 1967 ynskreaun as ryksmonumint. Yn 2001 waard it hjoeddeistige pân ferkocht oan de Feriening Hendrick de Keyser. Dy hat it yn 2005 restaurearje litten, eat dat yn 1952 ek al troch de gemeente dien wie.
Riedhûs fan Flylân | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Flylân | |
plak | East-Flylân | |
adres | Dorpsstraat 148 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Riedhûs | |
boujier | 1855 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 37570 |
Eksterieur
bewurkje seksjeIt pân is yn de neoklassisistyske styl boud. Twa gevelstiennen heuge noch wol oan it âlde riedshûs: in stien mei it jiertal 1598 en in stien mei it wapen fan Flylân der op. It riedhûs hat in dwers pleatst skylddak mei op 'e hoeken skoarstiennen. It dak hat in klokketuorke mei dêrop in wynwizer yn de foarm fan in skip.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe boargemasterskeamer sit oan de linkerkant fan it pân en de riedseal oan de rjochterkant. Yn de riedseal is in wytmarmeren skou pleatst, dit is de orizjinele skou en is by in restauraasje yn 2004 fannijs pleatst. Ynwindich is it riedhûs ferbûn mei de doarpsskoalle derneist.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|