Rienk Jelgerhuis
Rienk Jelgerhuis (Ljouwert, 13 april 1729 – Amsterdam, 17 april 1806) wie in Nederlânsk keunstskilder, graveur en tekener fan Frysk komôf. [1]
Jelgerhuis waard berne yn Ljouwert. Hy wurke yn 1796 yn Ljouwert en letter yn Kampen en Amsterdam. Hy waard bekend as rûnreizgjend portretskilder. Hy brocht leafst 7.763 portretten op syn namme. [2] Jelgerhuis wie ek behangskilder en makke teffens allegoryske skilderijen. Hy joech skilderûnderrjocht oan syn soan, Johannes Jelgerhuis, dy't skilder, yllustrator en akteur mei namme waard. Rienk Jelgerhuis stoar yn Amsterdam.
Jelgerhuis hat twa kear troud west.
Ferskaat
bewurkje seksje- G.A. Wumkes, Stads- en dorpskroniek van Friesland: 1765, 9 oktober: A. Ferwerda en Rienk Jelgerhuis te Leeuwarden drukken en geven uit op 22 koperen platen de lijkstatie van princes Maria Louise, prijs ƒ 6.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|