Riensleat
De Riensleat is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. It wie earder de grins tusken de gemeentes Lemsterlân en Skarsterlân. De feart ferbynt de Grutte Brekken mei de Hjerringsleat dy't yn de BRandemar útkomt.
De namme Riensleat jildt sûnt 15 maart 2007 as offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Rijnsloot.