Rijkele Sijtzema (Skoatterlân, 2 april 1926 - Boazum, 10 febrewaris 1945) wie in Nederlânsk kollaborateur fan Frysk komôf yn de Twadde Wrâldoarloch.

Rijkele Sijtzema
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 2 april 1926
berteplak Skoatterlân
stoarn 10 febrewaris 1945
stjerplak Boazum
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
reden
  bekendheid
Kollaboraasje yn de Twadde Wrâldoarloch

Libben ûnder de oarloch

bewurkje seksje

Sijtzema wie lid fan 'e Lânwacht, de kollaborearjende plysjetsjinst fan 'e NSB. In Johan de Wilde, in Joad dy't troch de Sicherheitsdienst oppakt wie, bea him begjin 1945 500 gûne oan om him ûntkomme te litten. Nei't dat syn beslach krigen hie en Sijtzema betelle wie, moast er sels ûnderdûke. Op syn ûnderdûkadres by in brêgewachtster yn 'e omkriten fan Raerd hied er geregeldwei spul mei trije oare ûnderdûkers. Sijtzema drigeminte by sokke gelegenheid gauris, û.m. mei in boksbûgel. Hy bliek ek in dief te wêzen en fan 'e oare ûnderdûkers te stellen.

Op 10 febrewaris 1945 kaam it spul ta in klimaks. Sijtzema woe nei hûs en liet him dat net ûntprate. It ferset koe soks lykwols net talitte om't der grutte kâns bestie dat er dan troch de Dútsers pakt wurde soe. En hy wist dingen dy't oare minsken yn gefaar bringe soene as er dy útbrocht oan 'e besetter. Dêrom waard Sijtzema op in pleats by Boazum brocht, dêr't leden fan it ferset yn ûnderling oerlis besleaten dat er eksekutearre wurde moast.

Ien fan 'e fersetslju naam Sijtzema mei de greide yn, dêr't er twa kûgels op syn holle ôfskeat. De ferwûnings blieken net fataal te wêzen, en Sijtzema besocht út te naaien. De fersetsman sette him efternei en krige him te pakken, wêrnei't de beide mannen fjochtsjend yn in sleat bedarren. Dêr waard Sijtzema de holle sa lang ûnder wetter holden, dat er ferdronk. Op it stoflik omskot waard letter noch in beurs mei 450 gûne deryn fûn. Fan dat jild waarden neitiid oare fersetsdieden finansierd. Sijtzema waard efter de pleats te Boazum beïerdige. Nei de oarloch oardiele de rjochter dat de eksekúsje rjochtlik west hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (ned) Jack Kooistra en Albert Oosthoek. Recht op wraak. Liquidaties in Nederland 1940-1945. 2009, Ljouwert: PENN Utjouwerij, s.204