Rikkerda

(Trochferwiisd fan Rikkerdaboarch)

Rikkerda wie in boarch yn it Grinslanner doarp Lytsegast. De boarch waard boud yn 1675 en waard oan it begjin fan de 19de iuw sloopt. Allinnich de kontoeren fan it boarchstee binne noch yn it lânskip werom te finen. Op it persiel njonken dat fan de eardere boarch stiet in pleats dy't ek Rikkerda hjit.

Rikkerda op de kaart fan Beckeringh út 1781.
De monumintale pleats Rikkerda njonken it persiel dêr't de boarch stie

Yn 1320 kocht in Reynardus Ryquerda in stik grûn fan de abt fan it kleaster Jeruzalim. Op dat stik grûn stiene ek twa pleatsen. De namme Rikkerda / Rikerda / Rickerda komt yn de folgjende iuwen meardere kearen foar yn de omkriten fan Lytsegast, al is it net seker oft hja op de 'heerd' Rikkerda wenne hawwe.

Yn 1649 makke in Caspar fan Aswede foar de bern fan syn broer Borchert fan Aswede oanspraak op de rjochten fan 'Rickerda Oost' en dêrnei yn 1651 op de rjochten fan 'Rickerda West'. Yn 1674 waard de pleats 'Ryckerda' mei lannen fan de ferstoarne luitenant Conraedt fan Aswede ferkocht oan dr. Schaick. Yn 1675 wiksele Rikkerda alwer fan eigener. Diskear kaam it yn besit fan Bernard Johan Prott, de ferdigener fan Boertange yn 1672 yn de tiid fan de Twadde Münsterske Oarloch. Syn earste frou Alberdina Lucretia Schnabel ferstoar yn Boertange troch in ferdwaalde granaat. Prott wenne yn Grins en liet yn Lytsegast in bûtenhûs sette. Hjirta liet hy op in gaadlik plak grêften grave en sa krige it bûtenhûs min ofte mear de status fan boarch. Sjoen syn drokke militêre wurkpaad sil hy net folle op Rikkerda wenne hawwe. Syn twadde frou Frederika Tjarda fan Starkenborgh ferstoar sûnder bern yn 1687. Prott wertroude yn 1688 mei Cecilia Elisabeth Tamminga, widdo fan Daniël de Hertoghe, de hear fan de boarch Feringa yn Grootegast. Prott ferstoar sûnder bern yn 1703 en liet al syn besit nei oan syn tredde frou.

Doe't Cecilia Elisabeth yn 1703 ferstoar, fêstige har soan Unico Michiel de Hertoghe him op Rikkerda. Unico Michiel ferstoar yn 1735, de boelskieding folge yn 1743. Dêrby kamen Rikkerda en Feringa yn besit fan syn soan Daniël Onno de Hertoghe. Hy troude mei Anna Habina Tjarda fan Starkenborgh. Daniël Onno ferstoar yn 1774 en blikens de 'Borgenkaart' fan Beckeringh bleau syn widdo op Rikkerda wenjen oant har dea yn 1799. Dêrnei kaam it yn besit fan Edzard Unico de Hertoghe. Hy wie troud mei Alegonda Clant fan Hanckema. Hja liet har yn 1799 fan him skiede fanwege syn drankgebrûk. Edzard Unico waard ûnder kuratele steld en hy ferstoar yn 1812. Dêrnei wennen syn nicht Anna Habina Alberda fan Menkema op Rikkerda mei har man Hemmo Heileco Nautaoant de erfgenamten fan Edzard Unico yn 1828 oergiene ta ferkeap fan Rikkerda mei hôven, leanen, singels, bosken ynklusyf lannen fan mear as 28 bunder, hearlikheden en twa hearebanken yn de tsjerke fan Lytsegast.

It gehiel waard kocht troch Berend Hayes Harkema, houtkeaper yn Warfhuizen. Hy hat de boarch yn 1828-1829 slope litten. Yn 1836 ferkocht Harkema 23 bunder fan de lannen. Eite Jans van der Veen en syn frou Anke Jans Wattema kochten dy lannen, ynklusyf de boarchpleats. Van der Veen wie ferfeanter en ûnderwizer yn Lytsegast. Yn 1848 begûn hy mei de bou fan in pleats njonken de eardere oprydleane nei de boarch. Dy pleats krige ek de namme Rikkerda en yn 1860 waard in nij foarhûs boud.

 
Kadasterkaart út 1832 mei links it doarp Lytsegast en rjochts de boarch Rikkerda.

Rikkerda stie oan de eastkant fan Lytsegast sa'n 200 meter besuden de Abel Tasmanwei. De boarch stie op in rjochthoekich boarchsteed fan sa'n 200 by 180 meter. It omgrêfte diel dêr't de boarch op stie, is noch ûndúdlik yn it lânskip werom te finen. Yn 1799 hie Rikkerda in ytseal, fjirtjin keamers, twa skathuzen, in brouhûs, koetshûs, oranjehûs en tsjernhûs. Dit makket dat de boarch in stik grutter wie as at it op de tekening fan Beckeringh liket.

Sitewaasje yn 21e iuw

bewurkje seksje

De yn 1848 boude pleats Rikkerda mei in foarhûs út 1860 stiet noch altiten njonken it eardere persiel dêr't de boarch Rikkerda stie. Dy pleats gou as ien fan de grutste yn it Westerkertier. Rikkerda is in ryksmonumint sûnt 1978. Sûnt 1990 wurdt der net mear op buorke. Nei in ferbouwing waard de pleats sûnt 2004 brûkt as bêd en brochje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: