Ring Ring (liet)
Ring Ring is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 10 jannewaris 1973 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album mei deselde namme út 1973. De Sweedske ferzje fan Ring Ring wie it earste nûmer en de Ingelske ferzje fan Ring Ring wie it tsiende nûmer op de Skandinavyske ferzje fan it album en it earste nûmer op 'e Ynternasjonale ferzje dêr't de Sweedske ferzje fan it nûmer net op stie. It liet waard op 14 febrewaris 1973 útbrocht as tredde single fan it album.
Ring Ring (liet) | ||
Ring ring by ABBA UK single vinyl | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Åh vilka tider | |
artyst | ABBA | |
album | Ring Ring | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | 14 febrewaris 1973 | |
opnommen | Metronome Studios, 10 jannewaris 1973 | |
doer | 3:00 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Stig Anderson, Björn Ulvaeus, Neil Sedaka, Phil Cody | |
produsint | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
fideoclip | ||
ABBA - Ring, Ring (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Kent Music Report - 92, Ö3 Austria Top 40 - 2, Ultratop 50 Flanders - 2, Ultratop 50 Wallonia - 17, IFPI - 1, Suomen virallinen singlelista - 25, Dutch Top 40 - 5, Single Top 100 - 5, VG-lista - 2, Kvällstoppen - 2, ZIMA - 12, Springbok Radio - 3 |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeRing Ring wie oarspronklik yn it Sweedsk skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus tegearre mei harren manager Stig Anderson. De Ingelske oersetting waard makke mei help fan Neil Sedaka en Phil Cody mei de bedoeling om der in modern popnûmer fan te meitsjen, as ynstjoering fan de Sweedske foarrondes fan it Eurofyzje Sjongfestival, wat yngean soe tsjin de tradisjonele songfestivalnûmers fan doe. Ta har ûntnochtering einigen se op it tredde plak.
Yn de kombinearre single/album hitlist fan Sweden mei namme Kvälllstoppen stie op 10 en 17 april 1973 op itselde stuit de Sweedske ferzje Ring ring (bara du slog en signal) op nûmer 1, de Ingelsktalige ferzje op nûmer 2 en it album op nûmer 3. De titel Ring ring stie op nr. 1, 2 en 3.
Muzikanten
bewurkje seksje- Agnetha Fältskog – Sang
- Anni-Frid Lyngstad – Sang
- Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar
- Benny Andersson – Sang & Toetsen
Gastmuzikanten
bewurkje seksje- Janne Schaffer - Gitaar
- Rutger Gunnarsson - Bas
- Ola Brunkert - Drums
- Ulf Andersson - Saksofoan