Eurofyzjesjongfestival

(Trochferwiisd fan Eurofyzje Sjongfestival)

It Eurofyzjesjongfestival (Ingelsk: Eurovision Song Contest, Frânsk: Concours Eurovision de la Chanson) is sûnt 24 maaie 1956 in jierlikse presintaasje en kompetysje fan ferskes en wurdt útstjoerd op telefyzje yn Europa; sûnt 1967 wurdt it festival ek yn lannen bûten Europa útstjoerd. Fierder is it festival op it ynternet te folgjen. It festival hat de namme te tankjen oan it "Eurovision TV Distribution Network", in ûnderdiel fan de Europeeske Radio-uny (EBU). Oan it sjongfestival kin elk aktyf lid fan de EBU meidwaan, wêrtroch't ek guon lannen dy't bûten Europa lizze meidwaan kinne. It giet om lannen yn Noard-Afrika, it Midden-Easten en West-Azië. Sûnt 2015 docht ek Austraalje mei oan it festival hoewol't it gjin lid is fan de EBU.

Eurofyzjesjongfestival
tillefyzjeprogramma
makkers
basearre op Festival fan San Remo
muzyk Te Deum fan Marc-Antoine Charpentier
presintaasje
presintaasje ôfhinklik fan organisearjend lân
skaaimerken
sjenre muzyk
start 1956
tal ôfl. 76
lân/lannen leden fan de EBU
netwurk tilefyzje
radio
ynternet
stjoerder Eurovision TV Distribution Network
taal Ingelsk
Frânsk
webside Webstee fan de organisaasje

It earste sjongfestival, basearre op it Italiaanske "Festival fan San Remo", wie in geastesbern fan de EBU. It earste festival fûn plak yn 1956, doe't sân lannen meidiene, elk mei twa ferskes. Denemark en Eastenryk waarden diskwalifisearre om't harren oanmelding te let binnenkaam. It Feriene Keninkryk keas derfoar om net mei te dwaan, omdat dêr al it "Festival of British Popular Songs" organisearre waard. Al gau groeide it tal dielnimmende lannen fierder. Yn 1969 wie it de earste en iennige kear dat der meardere lannen tagelyk wûnen: Frankryk, Nederlân, Spanje en it Feriene Keninkryk.

Guon lannen diene yn de rin fan de jierren net mei. Denemark die tusken 1966 en 1978 net mei om't de Deenske omrop it festival in toanbyld fan minne smaak fûn. Yn 1970 lutsen de oare Skandinavyske lannen, Eastenryk en Portugal har foar ien kear werom nei it debâkle fan 1969, doe't der op it festival yn Madrid fjouwer winners wiene.

Fan 1997 ôf gie it sjongfestival fierder mei syn tiid mei. Beslisten hjirfoar de jury's (besteande út in mjuks fan fakminsken en minsken dy 't krekt neat mei de muzykwrâld te krijen hiene) oer de punten, fan no ôf wiene it de minsken thús dy't fia de telefoan, en letter ek fia ynternet, de winner oantsjutte koene.

Yn 2004 wie der op 'e nij in weach fan nije dielnimmers. Om dit mooglik te meitsjen waard de opset yngeand op 'e nij besjoen, tenei soe der in foarronde komme, in pear dagen foar it festival, dêr't de 10 bêste ferskes út trochstjitte soene nei de grutte finale. De lannen dy't it ôfrûne jier by de bêste 10 einige wiene krigen daalks tagong ta de finale. By de edysje fan 2008 waard der foar it earst yn de skiednis twa heale finales hâlden.

Foar de edysje fan 2009 waard der op 'e nij in sjuery ynfierd, dy't foar de helte fan it totale oantal punten meitelle soe (de oare helte bliuwt it resultaat fan it publyk).

Yn 2024 waard de Nederlânske dielnimmer diskwalifisearre fanwegen in ynsidint krekt foar de repetysje fan de finale.

Organisaasje

bewurkje seksje

De eare fan it organisearjen fan it Eurofyzjesjongfestival giet nei de winner fan it foargeande jier. Utsûndering dêrop wiene de festivals fan 1957, 1960, 1963, 1972, 1974, 1980 en 2023.

De festivalfinale wurdt heal maaie (mar yn earder jierren ek wol begjin maaie of ein maaie of yn maart of april) op sneontejûn om 21 oere Midden-Europeeske Tiid live útstjoerd. By lannen mei West-Europeeske Tiid is dat dan om 20.00 oere en yn lannen mei East-Europeeske Tiid om 22.00 oere. It festival fan 2012 yn Azerbeidzjan waard troch it lokale tiidsferskil fan 3 oeren mei de Midden-Europeeske tiid dêr yndie útstjoerd op sneintenacht fan 0.00 oere ôf wêrby't de puntetelling en de winner pas fier nei 3 oere pleatslike tiid bekend waarden. De letter ynfierde heale finales starte ek om 21 oere, op tiisdei en tongersdei.

It Eurofyzjesjongfestival bestiet sûnt 2004 út 1 heale en sûnt 2008 2 heale finales, folge troch in finale dêr’t maksimaal 26 lannen oan meidwaan kinne. De iennige útsûndering hjirop wie 2015, doe't Austraalje foar it earst meidie en foar de gelegenheid fuortendaliks yn de finale stie, wêrtroch 't der 27 finalisten wiene. Sûnt 2004 moatte de measte lannen harren earst kwalifisearje út in heale finale. Alle shows moatte live útstjoerd wurde troch de dielnimmende omroppen. Foar elk lân mei ien artyst mei ien liet meidwaan, en treed dat live op yn de shows dêr 't dat lân oan meidocht.

Utsein by it earste festival, doe 't mar sân lannen meidiene, tinget per lân ien ferske mei. Fanwegen in groeiend tal potinsjele dielnimmers is sûnt 1993 socht nei ferskate wizen om it tal dielnimmers te beheinen, sadat ek de lannen út it eardere Eastblok, dy't har fan dat jier ôf oanmelden, meidwaan koene sûnder dat it programma te lang waard. In ferske mei net langer duorje as trije minuten.

Utfierjenden

bewurkje seksje

It hjoeddeistige reglemint jout oan dat foar in lân maksimaal seis artiesten op it poadium stean meie. Dy moatte uterlik op 31 desimber fan it jier fan it festival minimaal 16 jier âld wêze. Der is gjin restriksje foar wat harren nasjonaliteit oanbelanget, sadat bygelyks de Kanadeeske Céline Dion Switserlân fertsjintwurdigje koe en de fiif winners foar Lúksemboarch gjin fan allen berne binne yn dat lân. Ek foar Monako steane der faaks bûtenlânske artysten op it poadium. Yn de perioade fan 1973 oant en mei 1976 en fan 1999 ôf is it tastien om yn elke willekeurige taal te sjongen. In protte lannen kieze sûnt dy tiid foar it Ingelsk om’t hja fynt dat men yn dy taal it publyk better berikke kin.

In oantal lannen komt, ûnôfhinklik fan harren einplak yn de finale fan it foargeande festival, automatysk yn de finale. Dizze lannen hoege dus net oan te treden by ien fan de heale finales.

By de oprjochting fan de saneamde Grutte Fjouwer yn 2000 bestie dy út Frankryk, Dútslân, Spanje en it Feriene Keninkryk. Sy tankje harren garandearre finaleplak oan harren finansjele stipe oan it festival. Yn 2011 waard Itaalje oan dit selskip taheakke, wêrtroch ’t de Grutte Fjouwer, de Grutte Fiif waard.

Ynternasjonaal proses

bewurkje seksje

De winner fan it festival wurdt bepaald troch it jaan fan punten troch elk dielnimmend lân oan harren tsien favorite ferskes. Elk lân jout de punten ferplichte troch 50% publyk en 50% karkommisjes. De dielnimmers trede hjirta twa kear op, ien kear foar de karkommisjes en ien kear foar de tillefyzje-sjoggers; de karkommisjes beoardielje de dielnimmers in dei earder as de sjoggers, by in spesjale "Sjueryshow". Elke sjogger kin ûnder de tv-útstjoering telefoanysk of fia ynternet op it ferske fan syn of har foarkar stimme.

Dielnimmende lannen meie net op harsels stimme. Ek de karkommisjes meie gjin punten jaan oan harren eigen lân. De krityk dêrop is dat de stimmen fan lytse lannen like swier wage as fan grutte lannen wylst der minder minsken stimd hawwe. Fan 1975 oant en mei 2015 joech elk lân in set fan 1 oant en mei 8, 10 en 12 punten, fan 2016 ôf binne dat twa sets punten. Foar 1975 wiene der ferskate wizen wêrop't de punten ferdield waarden.

It komt net faak foar dat in dielnimmend lân sûnder punten bliuwt. As dat wol bart, wurdt dat oantsjut mei de term "nul points". Der hawwe mei-inoar 39 ferskes west dy't gjin punten krigen hawwe. Noarwegen en Eastenryk oerkaam dit beiden fjouwer kear en dy binne dêrmei rekôrhâlders.

It Eurofyzjesjongfestival is sân kear wûn troch Ierlân en Sweden, dy binne dêrmei tegearre rekôrhâlder. Frankryk, Lúksemboarch, Nederlân en it Feriene Keninkryk wûnen elk fiif kear. Fan de lannen dy't al mear as 30 kear meidiene wachtsje Syprus, Malta en Yslân noch altyd op harren earste oerwinning.

De suksesfolste artyst is Johnny Logan. Hy wûn trije ris it sjongfestival foar Ierlân, wêrfan twa kear as sjonger. De tredde oerwinning behelle er as tekstskriuwer. Loreen wûn út namme fan Sweden de edysjes fan 2012 en 2023.

Jier Winnend lân Artyst Ferske Taal Lannen Plak
1956    Switserlân Lys Assia Refrain Frânsk 7     Lugano
1957   Nederlân Corry Brokken Net als toen Nederlânsk 10   Frankfurt am Main
1958   Frankryk André Claveau Dors, mon amour Frânsk 10   Hilfertsom
1959   Nederlân Teddy Scholten 'n Beetje Nederlânsk 11   Cannes
1960   Frankryk Jacqueline Boyer Tom Pillibi Frânsk 13   Londen
1961   Lúksemboarch Jean-Claude Pascal Nous les amoureux Frânsk 16   Cannes
1962   Frankryk Isabelle Aubret Un premier amour Frânsk 16   Lúksemboarch
1963    Denemark Grethe & Jørgen Ingmann Dansevise Deensk 16   Londen
1964   Itaalje Gigliola Cinquetti Non ho l'età Italjaansk 16   Kopenhagen
1965   Lúksemboarch France Gall Poupée de cire, poupée de son Frânsk 18   Napels
1966   Eastenryk Udo Jürgens Merci chérie Dútsk 18   Lúksemboarch
1967   Grut-Brittanje Sandie Shaw Puppet on a string Ingelsk 17   Wenen
1968   Spanje Massiel La la la Spaansk 17   Londen
1969   Frankryk
  Nederlân
  Spanje
  Grut-Brittanje
Frida Boccara
Lenny Kuhr
Salomé
Lulu
Un jour, un enfant,
De troubadour,
Vivo cantando,
Boom bang-a-bang
Frânsk
Nederlânsk
Spaansk
Ingelsk
16   Madrid
1970   Ierlân Dana All kinds of everything Ingelsk 12   Amsterdam
1971    Monako Séverine Un banc, un arbre, une rue Frânsk 18   Dublin
1972   Lúksemboarch Vicky Leandros Après toi Frânsk 18   Edinburgh
1973   Lúksemboarch Anne-Marie David Tu te reconnaîtras Frânsk 17   Lúksemboarch
1974   Sweden ABBA Waterloo Ingelsk 17   Brighton
1975   Nederlân Teach-In Dinge-dong Ingelsk 19   Stockholm
1976   Grut-Brittanje Brotherhood of Man Save your kisses for me Ingelsk 18   De Haach
1977   Frankryk Marie Myriam L'oiseau et l'enfant Frânsk 18   Londen
1978   Israel Izhar Cohen & The Alphabeta A-ba-ni-bi Hebriuwsk 20   Parys
1979   Israel Gali Atari & Milk & Honey Hallelujah Hebriuwsk 19   Jeruzalem
1980   Ierlân Johnny Logan What's another year Ingelsk 19   De Haach
1981   Grut-Brittanje Bucks Fizz Making your mind up Ingelsk 20   Dublin
1982   Dútslân Nicole Ein bißchen Frieden Dútsk 18   Harrogate
1983   Lúksemboarch Corinne Hermès Si la vie est cadeau Frânsk 20   München
1984   Sweden Herreys Diggi-loo diggi-ley Sweedsk 19   Lúksemboarch
1985    Noarwegen Bobbysocks La det swinge Noarsk 19   Goateboarch
1986   Belgje Sandra Kim J'aime la vie Frânsk 20   Bergen
1987   Ierlân Johnny Logan Hold me now Ingelsk 22   Brussel
1988    Switserlân Céline Dion Ne partez pas sans moi Frânsk 21   Dublin
1989   Joegoslaavje Riva Rock me Servo-Kroätysk 22     Lausanne
1990   Itaalje Toto Cutugno Insieme: 1992 Italjaansk 22   Zagreb
1991   Sweden Carola Fångad av en stormvind Sweedsk 22   Rome
1992   Ierlân Linda Martin Why me? Ingelsk 23   Malmö
1993   Ierlân Niamh Kavanagh In your eyes Ingelsk 25   Millstreet
1994   Ierlân Paul Harrington & Charlie McGettigan Rock 'n' roll kids Ingelsk 25   Dublin
1995    Noarwegen Secret Garden Nocturne Noarsk 23   Dublin
1996   Ierlân Eimear Quinn The voice Ingelsk 23   Oslo
1997   Grut-Brittanje Katrina & the Waves Love Shine a Light Ingelsk 25   Dublin
1998   Israel Dana International Diva Hebriuwsk 25   Birmingham
1999   Sweden Charlotte Nilsson Take me to your heaven Ingelsk 23   Jeruzalem
2000    Denemark Olsen Brothers Fly on the wings of love Ingelsk 24   Stockholm
2001   Estlân Tanel Padar & Dave Benton & 2XL Everybody Ingelsk 23   Kopenhagen
2002   Letlân Marie N I wanna Ingelsk 24   Tallinn
2003   Turkije Sertab Erener Everyway that I can Ingelsk 26   Riga
2004   Oekraïne Ruslana Wild dances Ingelsk en Oekraynsk 36   Istanbûl
2005   Grikelân Elena Paparizou My number one Ingelsk 39   Kiëv
2006   Finlân Lordi Hard rock hallelujah Ingelsk 37   Atene
2007   Servje Marija Šerifović Molitva Servysk 42   Helsinki
2008   Ruslân Ell & Nikki Running scared Ingelsk 43   Düsseldorf
2012   Sweden Loreen Euphoria Ingelsk 42   Bakû
2013    Denemark Emmelie de Forest Only teardrops Ingelsk 39   Malmö
2014   Eastenryk Conchita Wurst Rise like a phoenix Ingelsk 37   Kopenhagen
2015   Sweden Måns Zelmerlöw Heroes Ingelsk 40   Wenen
2016   Oekraïne Jamala 1944 Ingelsk en Krim-Tataarsk 42   Stockholm
2017   Portegal Salvador Sobral Amar pelos dois Portugeesk 42   Kiëv
2018   Israel Netta Barzilai Toy Ingelsk 43   Lissabon
2019   Nederlân Duncan Laurence Arcade Ingelsk 41   Tel Aviv
2020 Ofsein fanwegen de koroanapandemy.
2021   Itaalje Måneskin Zitti e buoni Italjaansk 39   Rotterdam
2022   Oekraïne Kalush Orchestra Stefania Oekraynsk 40   Turyn
2023   Sweden Loreen Tattoo Ingelsk 37   Liverpool
2024    Switserlân Nemo The code Ingelsk 37   Malmö

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL