Björn Kristian Ulvaeus (Goateboarch, 25 april 1945) is in Sweedsk sjonger en lietsjeskriuwer. Hy is bekend as ien fan de twa manlike sjongers fan de popgroep ABBA.

Björn Ulvaeus
sjonger en/of muzikant
Björn Ulvaeus yn 1974
Björn Ulvaeus yn 1974
persoanlike bysûnderheden
echte namme Björn Kristian Ulvaeus
nasjonaliteit Sweedsk
berne 25 april 1945
berteplak Goateboarch
wurkpaad
sjenre Pop
sjongtaal Ingelsk,
Sweedsk
ynstrumint gitaar
grutste hit(s) Waterloo,
Fernando,
Dancing Queen
jierren aktyf 1963 - No
 
Björn Ulvaeus yn 2013

Hootenanny Singers (1963–1971)

bewurkje seksje

Björn Ulvaeus begûn doe't er alve jier wie mei gitaarspyljen. Yn 1961 foarme er mei trije skoalkammeraten in band. Om yn 1963 dielnimme te kinnen oan in talintejacht op de Sweedske radio, skreau syn mem harren yn ûnder de namme The West Bay Singers, de Ingelske oersetting fan Väster (west) en Vik (baai). It radio-optreden foel yn de smaak by produsint Bernt Bernhag dy 't har yn kontakt brocht mei syn kollega Stig Anderson. Dy lêste tekene de fjouwerkoppige band ûnder de namme Hootenanny Singers yn foar syn label Polar Music. Mei de Hootenanny Singers brocht Björn Ulvaeus sân studio-albums út.

ABBA (1972–1982)

bewurkje seksje

Ulvaeus moete Benny Andersson yn de simmer fan 1966, de manlju begûnen tegearre ferskes te skriuwen, wêrfan't de earste Isn't It Easy To Say wie, úteinlik opnommen waard troch de Hep Stars de band van Andersson. Yn maart 1969 moete Björn de sjongeres Agnetha Fältskog, en al gau waarden se in koppel. Om deselde tiid hinne moete syn freon Benny Andersson sjongeres Anni-Frid Lyngstad by de Sweedske Eurofyzje Sjongfestival. Doe't de twa koppels inoar begûnen te stypjen by opnamesesjes, kaam de popgroep ABBA ta libben.

De ynternasjonale trochbraak fan de groep kaam mei it winnen fan it Eurofyzje Sjongfestival foar Sweden mei it liet Waterloo op 6 april 1974. Yn de folgjende acht jier boekte popgroep wrâldwiid in soad sukses en skoarde in rige fan nûmer 1-hits. Mei ABBA brocht Björn Ulvaeus njoggen studio-albums en twa live-album út.

Nei ABBA, bleau Ulvaeus lieten skriuwen mei Benny Andersson. Under oaren foar musicals en films.

Priveelibben

bewurkje seksje

Ulvaeus waard berne yn Goateboarch, Götaland, Sweden, as earste yn in gesin fan twa. Ulvaeus folbrocht in studzje hannelsrjocht oan de Universiteit fan Lund. Björn Ulvaeus hat twa kear boaske west en werûnder njoggen jier mei Agnetha Fältskog. Ulvaeus hat út dizze twa relaasjes fjouwer bêrn.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Hootenanny Singers 1964 Hootenanny Singers Jag väntar vid min mila
Hootenanny Singers Vol.2 Darlin,
Den Gyllene Fregatt
International 1965
Många ansikten 1966 Marianne,
Baby Those Are the Rules
The Northern Lights - Gabrielle 1967
Civila En gång är ingen gång,
Början till slutet,
Mårten Gås
5 år 1968 Elenore,
Den som lever får se
Lycka 1970 Björn Ulvaeus & Benny Andersson
Ring Ring 26 maart 1973 ABBA People Need Love,
He Is Your Brother,
Ring Ring,
Another Town, Another Train,
I Am Just a Girl,
Love Isn't Easy (But It Sure Is Hard Enough),
Rock'n Roll Band,
Nina, Pretty Ballerina
Waterloo 4 maart 1974 Waterloo,
Honey, Honey,
Hasta Mañana
ABBA 21 april 1975 So Long,
I've Been Waiting for You,
I Do, I Do, I Do, I Do, I Do,
Bang-A-Boomerang,
SOS,
Mamma Mia,
Rock Me
Arrival 11 oktober 1976 Dancing Queen,
Money, Money, Money,
Knowing Me, Knowing You,
That's Me
ABBA: The Album 12 desimber 1977 The Name of the Game,
Take a Chance on Me,
Eagle
Voulez-Vous 23 april 1979 Chiquitita,
Does Your Mother Know,
Voulez-Vous,
Angeleyes,
As Good as New,
I Have a Dream
Super Trouper 3 novimber 1980 The Winner Takes It All,
On and On and On,
Super Trouper,
Happy New Year,
Andante, Andante,
Lay All Your Love on Me
The Visitors 30 novimber 1981 One of Us,
When All Is Said and Done,
Head over Heels,
The Visitors
Voyage 5 novimber 2021 I Still Have Faith in You,
Don't Shut Me Down,
Just a Notion,
Little Things,
No Doubt About It
Musical premjêre
Chess 1984
Kristina från Duvemåla 1996
Mamma Mia! 1999
Hjälp sökes 2013
Film premjêre
Mamma Mia! 30 juny 2008