Fernando is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Anni-Frid Lyngstad yn 1975 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Frida ensam út 1975. Fernando wie it earste nûmer op it album en waard op 10 novimber 1975 útbrocht as single.

Fernando
algemiene ynformaasje
B-kant Ett liv i solen
artyst Anni-Frid Lyngstad
album Frida ensam
taal Sweedsk
sjenre Pop
útbrocht 10 novimber 1975
opnommen KMH Studios,
1974-1975
doer 4:14
label Polar Music
skriuwer Stig Anderson,
Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
produsint Benny Andersson,
Björn Ulvaeus

Oer it nûmer bewurkje seksje

De tekst fan Fernando is skreaun troch Stig Anderson; it liet waard yn Noarwegen as single útbrocht mar helle dêr de hitlisten net. Wa't yn Sweden it nûmer ha woe moast it folsleine album keapje. Fernando giet oer ien dy't de djipdrôve Fernando besiket te treasten, dy't syn grutte leafde ferlern hat.

Muzikanten bewurkje seksje

Gastmuzikanten bewurkje seksje

Ingelsktalige ferzje ABBA bewurkje seksje

Fernando
algemiene ynformaasje
B-kant Tropical Loveland
artyst ABBA
album Greatest Hits
taal Ingelsk
sjenre Pop
útbrocht 12 april 1976
opnommen Metronome Studios,
4 septimber 1975
doer 4:15
label Polar Music
skriuwer Benny Andersson,
Stig Anderson,
Björn Ulvaeus
produsint Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
resultaten
hitlisten   Kent Music Report - 1,
  Ö3 Austria Top 40 - 1,
  Ultratop - 1,
  IBOPE - 9,
  Top Singles - 4,
  Adult Contemporary - 1,
  IFPI 4,
  Seura and Help magazine - 5,
  Suomen virallinen singlelista - 2,
  IRMA - 1,
  Italian Singles Chart - 6,
  Top 40 - 1,
  Single Top 100 - 1,
  Recorded Music NZ - 5,
  VG-lista - 2,
  AFP - 1,
  - Rhodesian Singles Chart - 2,
  Springbok - 1,
  El Gran Musical - 4,
  Sverigetopplistan - 2,
    Schweizer Hitparade - 1,
  UK Singles - 1,
  Billboard Hot 100 - 13,
  Cashbox Top 100 - 10,
  Media Control Charts - 1
sertifisearre   Kanada Goud,
  Frankryk Goud,
  Ierlân Goud,
  Grut-Brittanje Goud,
  Dútslân Goud,
  Joegoslaavje Goud

Nei it sukses fan Anni-Frid Lyngstad mei it nûmer yn 1975, brocht ABBA yn 1976 in Ingelsktalige ferzje út fan Fernando. De Ingelske ferzje, mei folslein oare tekst skreaun troch Björn Ulvaeus, giet oer twa feteranen dy't op hege jierren oantinkens ophelje oan in gefjocht, dêr't se lang lyn oan meidiene. It nûmer is ien fan de grutste hits fan ABBA, mar hat nea op in studio-album fan de popgroep stien. Wol is it nûmer opnommen op it kompilaasje-album Greatest Hits út 1976.

Muzikanten bewurkje seksje

  • Agnetha Fältskog – Sang
  • Anni-Frid Lyngstad – Sang
  • Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar
  • Benny Andersson – Sang & Toetsen

Gastmuzikanten bewurkje seksje