Rinsemastins stie yn Kollumersweach besuden de Foarwei, ien kavel westlik fan de Feartswei oan de westside fan in oprydleane nei in pleats moat it stinshiem lizze.
Yn Kollumersweach kin de skiednis en lokaasje fan stinzen of Midsiuwske adelshuzen noch net krekt oanjûn wurde.

Aut en Andele op de Sweach

bewurkje seksje

Yn Kollumersweach wurde yn de 15e iuw inkele "haadling-eftige" lju neamd. Yn 1463 wurdt in Aut up den Zwaech as tsjinstanner fan de Meckema’s yn Kollum neamd; soenman by de besjochting fan dit skeel wie ûndermear Roert Rensema. Yn 1470 en 1472 wurdt Andele up der Zwaech neamd as tsjinstanner fan en - grif - ek sib fan de Meckema's.

De trije stinzen op de Sweach

bewurkje seksje

Neidat de stêd Grins yn 1468 de Eysmastins op Wygeast ûnder Aldwâld ynnomd hie, waarden de Kollumersweachsters ferplicht de trije stinzen yn harren doarp sels te sljochtsjen: "ende de dre steenen huesen de staen up de Zwech sullen de lueden sulven nederslyten".

Stinshiem en Rinsema

bewurkje seksje

Andreae fermeldt dat yn 1885 in stik grûn ten suden fan de wei, foar de Kollumersweachsterfeart oer de namme stinshiem droech. Nei alle gedachten gie it om floreennûmer Kollumersweach FC26. Ungefear op itselde plak joech Schotanus yn 1718 in sate Rinsema oan; neffens de Tegenwoordige Staat (1787) wie Rinsemastate dan al langere tiid ferdwûn. It is ferliedlik - mei Andreae - ferbân te sykjen tusken Rinsemastate, de by Aut op de Sweach neamde soenman Roert Rensema yn 1463, en eventueel ek it stinshiem fan 1885 en (ien fan) de trije stinzen fan 1468.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: